-17- De regels en de wetjouwing is foar dyjinge dy't der deistich mei omgeane begryplyk mar de boargers begripe der soms neat fan. Se hopet dat de nije rie each hat foar de lytse dingen dy't de boarger freget. Dy lytse dingen sizze faaks safolle mear oer de goede wil fan elts. Se is der wol wis fan dat dy goede wil der is Se beslút mei te sizzen dat it de toan is dy't de musyk makket en as dy goed is geane Boarnsterhim, de boargers en it bestjoer yn close harmony fierder. Se betanket de amtners foar de goede gearwurking dy't der al dy jierren west hat. De hear Volberda seit dat hy as hy syn 2 jier ferliket mei de 12 en 10 fan'e oare beide dan hoecht hy net safolle te sizzen. Hy hat dizze 2 jier it wurk mei in soad nocht dien en hy fûn it tige ynteressant en hat der hiel wat fan opstutsen. Jo komme ek yn kontakt mei in protte minsken. Troch it riedswurk krije jo achtergrûnynformaasje en dêrtroch faak in oar ynsicht yn in bulte saken. Wat dat oanbelanget soe it wol moai wêze dat eltse boarger ris in skoftke yn'e rie siet. Hy betanket de riedsleden en de meiwurkers foar de goede gearwurking. Der wie altiten in freonskiplike sfear. Hy hopet dat Boarnsterhim yn'e takomst ek hyltiten fierder by de wâl opklauwe mei en hy is bliid dat hy der ek in bytsje oan meiwurkje mocht. De voorzitter sluit vervolgens om 22.00 uur de vergadering onder dankzegging voor de bijdrage aan de besluitvorming. voorzitter Aldus vastgesteld in de openbare raads vergadering van 15 mei 1990, de svdh/anh 0089V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 20