GEMEENTE BOARNSTERHIM 16. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de wurktarieding fan de wente-isolaasje oan Tsienzer- buorren. Oan de gemeenteried. Grou, 4 maaie 1990. Binnen ús eigen tsjinst is net foldwaande minskrêft oanwezich om de wurktarieding foar de isolaasje fan de san oanbelangjende wenten oan Tsienzerbuorren seis te dwaan. Wy hawwe dêrom in offerte frege fan architekteburo Berkenpas yn Koatstertille. Dat is in buro dat de nedige Ûnderfining hat op it med fan it bestriden fan lÛdlest. De frege offerte leit foar jimme by de stikken op bes jen. Yn de spesifikaasje fan oeren en prizen kinne wy ús alhiel wol fine. Ynklusyf de b.t.w. en de bykommende kosten giet it om sa'n 13500 It lansregear stelt foar datsoarte fan projekten jild beskikber, mar allmne foar gebieten fan 80.000 of mear ynwenners. Fia ús meidwaan yn de regio Noard Fryslan koene wy hjir ek yn meipartsje. Foar it hiele projekt is ús 125.000,tasein. De earste 50.000, derfan sille, as foarskot, binnen twa wiken nei ús oermakke wurde. Betingst is wol, dat it hiele projekt foar 1 jannewaris 1991 klear weze moat. Us stribjen is de saak safier te krijen dat de oannimmer daliks nei de boufak begjinne kin. Op grun fan it boppesteande dogge wy jimme it utstel in kredyt fan 13.500,-- ut dat foarskot beskikber te stellen foar de wurktarieding fan de wente-isolaasje oan Tsienzerbuorren. Boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. b.G. Holtrop. 0090V 24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 71