- 5 - Om dy reden sil har fraksje de twadde kandidaat fan'e P.v.d.A; net stypje. Omdat it beleid fan wethâlder Bloem neffens har net besjen lije kin, komt har fraksjes mei in tsjin-kandidaat yn de persoan fan de hear Van der Baan. De hear Breeuwsma seit dat, sjoen de útslach fan de ferkiezings, der swiere tiden oanbrutsen binne foar sosjalisten en liberalen. De sosjalisten hawwe in flinke klap krigen. De V.V.D. wurdt hjir en dêrmar in splinterparty. Yn ús gemeente hat de V.V.D. him aardich hanthavenje kind omt se sa op it frysk tsjin binne. Der is net, sa't de hear Renia sei, al foar de ferkiezings praat mei syn fraksje en seis binne se net útnoege foar in petear. As der moat mei bedoeld wurde dat in lid fan'e P.v.d.A.-fraksje al ris oan him fege hat oft hy wol ûnder deselde omstannichheden wer beskikber wie foar in wethâlderssit Hy hat doe sein dat hy dat noch net wist omt hy net wist hokker omstannichheden op tsjutten waard. De betrouberens is dan soms wol oan'e oarder. Hy kin him wol yntinke dat sosjalisten en liberalen yn dizze beroerde tiden stipe byelkoar sykje. It C.D.A. giet it lênlik hiel goed. Omt we hjir yn in reade gemeente sitte hat de P.v.d.A. it hjir foar it sizzen. Hy is der tige wiis mei dat dy party no net mear de mearderheid hat. Hy is der trouwens nea foar dat in party de mearderheid hat. Hy is fan betinken dat it oerlis tusken de partijen iepenbier wêze moatten hie, sa as ek yn oare gemeenten wol bard is. Hy fertelt dat syn fraksje troch de P.v.d.A. oproppen is. Renia en Bouma sieten achter de tafel te diktearjen. As sekondant siet dêrneist de hear Nieuwdam dy't neat sizze mocht en alles op- skriuwe moast en frou Bloem moast alles oanhearre. Der hawwe se syn fraksje diktearre wat der allegear barre moast. Der moast in miljoen komme en men koe net sizze oft dat der eins wol wie. Hy bringt yn it omtinken dat it kolleezje de of rune 4 jier sa no en dan nei Deputearre Steaten ta moast omt de gemeente finansjeel net sa betrouber wie. Dat fynt hy hiel ferfelend en dêrom hat hy op dy gearkomste ek frege oft men wol seker wist dat dat miljoen der wol wie, en men wist it eins net. De P.v.d.A.-fraksje giet, sa is hy fan betinken,mei kowe-eagen oer it jild. Hy kin him net yntinke dat de V.V.D.-fraksje sa maklik dêroer hinne stapt. Dan is der hiel dúdlik sein dat der foar 1 maaie in kolleez jewurkprogram wêze soe. Letter soe der in beliedsprogramma komme mei de sifers. Hy konstatearret dat der neat fan op'e hispel kommen is, der stiet neat op papier. Dêrom sil syn fraksje him ûnthâlde fan'e stimming. De hear S. Bouma seit dat syn fraksje der tige grutsk op is dat de V.V.D. tegearre mei de P.v.d.A. it nije kolleezje foarmje sil. In kolleezje dat de stipe hat fan in grut part fan'e rie. De kolleezje-útstellen sille útwize moatte yn hoefiere it de stipe krijt fan'e hiele rie. As hy it konsept-kolleezje wurkplan besjocht dan tinkt hy dat de kommende riedsperioade dy saken oanpakt wurde sille dy't foar Boarnsterhim fan belang binne. Benammen op it mêd fan'e eigen organisaasje. 0088V 29

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 10