- 6 - De rapportaazje en de oanrekkomandaasjes fan'e ûndersykkommisje sille dêr grif in wichtige rol by spylje. It doel is in goed funksjonearjende eigen organisaasje te krijen as betingst foar de kwaliteit fan it dwaan en litten fan'e gemeente Boarnsterhim. Hy giet der fanút dat dit alle partijen oansprekke sil. En mei it ferkiezingsthema fan it C.D.A.: "Samen verder" en dy fan de F.N.P.: "Op it goede spoar" yn gedachten, tinkt hy dat de ienriedigens der wol ynsit. De V.V.D.-fraksje sil yn elts gefal dwaan wat yn dat ramt fan him frege wurdt. Hy stelt frou Aukes kandidaat foar wethâlder en syn fraksje stipet de kandidaten fan'e P.v.d.A. De hear Renia seit dat hy him yntinke kin dat de hear Breeuwsma op ien as oare wize teloarsteld is. De druven binne soer, mar as dit de toansetting van it C.D.A. is foar de kommende 4 jier dan hat hy begrutsjen mei de C.D.A.-kiezers. De hear Breeuwsma fynt it wol hiel ferfelend dat men begrutsjen hat. It giet him derom dat der gouden bergen ûnthjitten binne dêr't gjin jild foar is. De voorzitter stelt voor tot stemming voor de eerste wethouderzetel over te gaan. Hij verzoekt de leden Dotinga, Santema en G. Bouma het stembureau te willen vormen. De hear Renia draacht frou Bloem foar. Frou Veldstra stelt de hear Van der Baan kandidaat. Hierna wordt tot stemming overgegaan. De hear GBouma makket de útslach bekind. Der binne 3 blanco stimbiljetten. Der wiene 12 stimmen foar frou Bloem en 2 foar de hear Van der Baan. De voorzitter constateert dat mevrouw Bloem als wethouder is gekozen. Frou Bloem seit dat sy de funksje oannimt. Foar de twadde wethâlderssit wurdt troch de hear Renia de hear Nieuwdam kandidaat steld. Hierna wordt tot stemming overgegaan. De hear GBouma makket de útslach bekind. Der binne 3 blanco stimbiljetten ynlevere. Der wiene 14 stimmen foar de hear Nieuwdam. De voorzitter constateert dat de heer Nieuwdam als wethouder is gekozen. De hear Nieuwdam seit dat hy de funksje oannimt. De hear SBouma stelt frou Aukes kandidaat foar de tredde wethâlderssit. 0088V 30

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 11