-3- De hear SBouma is bliid dat der op dit momint al in kolleezje- wurkporgramma leit. Hy wol der net te lang by stilstean. It binne moaie wurden mar dy moatte ek útfierd wurde. En dat is no krekt wêr't de ried foar sit. Der stiet in knap stik op papier. De wurkwize fan it kolleezje sprekt syn fraksje tige oan. Jier- programma's en op'e tiid evaluearje, it liket him dat it belied dan alle kans fan slagjen hat. Wat de krityk fan de hear Breeuwsma oanbelanget merkt hy op dat de oare leden fan it C.D.A. ûnder de kolleeznjeûnderhannelingen harren wol fine koene yn de útgongspunten. De hear Renia seit dat hoe't it de foarige kear gien is, de oanlieding west hat om it no ris oars te dwaan. Der wurdt no op in rige set wat allegear needssklik is. Dat is dan it kolleezjewurkprogramma. Dêr wurdt rûchwei by oanjûn. Wat it yn'e kommende 4 jier oan ombûgings kostje sil. Dat is dan it miljoen fan Breeuwsma, dêr wol hy net omhinne. Fan't hjerst komt it kolleezje dan mei in goede finansjele ûnderbouwing. Dizze proseduere oersjende is hy bliid dat dit kolleez jewurk- programma der no al leit. Hy rekkent der ek op dat de fierdere ôfhanneling rint sa't it pland is, sadat by de nije begrutting it belied foar de kommende 4 jier, goed finansjeel ünderboud, fêststeld wurde kin. Dan sil it net sa wêze dat alle punten fuortendaliks útfierd wurde kinne, der sille dus prioriteiten steld wurde moatte. Ynhâldlik wol hy net op it stik yngien. Hei de minne jierren dy't achter ús lizze kin der dan no wurke wurde oan it omheech bringen fan't kwaliteit fan it wen jen yn de brede sin fan it wurd. Dus de wenomjouwing it ûnderhâld fan'e diken it miljeu ensafuorthinne en ek de soarch foar de âlderein, it ûnderwiis. Dat binne allegear saken dy't nedich binne en it kolleezjewurkprogramma is dan ek mear dan in prioriteitenlist. It giet om de planning foar de kommende jierren. De útfiering fan'e planning freget in strak finansjeel behear en in goede planmjittige wurkwize. Nedich dêrta binne goede, adekwate sifers en dat kin allinne troch in goede automatisear- ring. Hy is der dêrom bliid om dat yn dizze riedsgearkomste ek it automatisearringsplan oan'e oarder komt. It is ek aardich dat guon foarnimmens út it kolleez jewurkprogram jûn al op de wurklist steane, bygelyks útstellen oangeande de berne-opfang en it maatskiplik wurk. Neffens syn fraksje is dit in goed begjin, in goede wurkwize en in goede opset en hy hopet dat der op dizze wize in goede start makke wurdt foar de kommende 4 jier. Ek mei de F.N.P. hat yn in letter stadium oerlis west wêr út bliken dien hat dat dy fraksje yn grutte halen it stik ûnderskriuwe koe. 0091V 3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 15