-4- Mevrouw Van den Be ra zegt dat de heer Bouma eigenlijk een twee deling in de C.D.A.-fractie schetste. Het was en bleef echter een oriënterend gesprek met de P.v.d.A.- fractie waarin cijfers naar voren kwamen waarin haar fractie zich later niet meer kon vinden. De hear Van der Baan seit dat troch syn fraksje by it petear mei de P.v.d.A. sein is dat yn alle gefallen har de yntinsje fan it stik wol oanspruts. Der binnen lykwols by it kolleezjewurk- programma ek dúdlik kanttekens steld. Hy wol dy wol efkes neame. Hy hat begrepen dat it kolleezjewurkprogramma alhiel noch net fêst stiet. De útwurking fan it programma sil toetst wurde oan'e finansjele middels. Hy fynt it spitich en eins is it in misser dat de soarch foar de handikapten net neamd is. By it wolwêzenbelied is foar syn fraksje de sealakkommodaasje yn Grou seker in spearpunt. Hy is der bliid mei dat der oandacht bestiet foar it minimabelied. Syn fraksje hat yn it petear mei de P.v.d.A. twa oare kategoriën nei foaren brocht, te witten de omendeby 600 W.A.O.'ers en de wurkleazen, foar dizze groepen is de twadieling yn'e maatskippy in feit. Benammen in sosjalistysk tinte kolleezje sil der in prioriteit lizze moatte. Oer it frysk is syn fraksje alhiel net tefreden. Wat earst in aktyf belied wie is no sa njonkelytsen ombûgd ta in taalfolgjend belied. As we de taal en it fryske folk oerein hâlde wolle dan sil der in aktyf belied folge wurde moatte. By it taalfolgjend belied sjocht hy dat de achterútgong net te kearen fait. Syn fraksje fynt dat der earder ferlet is fan in opbouwurker dan fan in jongereinwurkerDy opbouwurker soe dan besjen moatte oft it nedich is dat der in jongereinwurker komt. Syn fraksje kiest net foar in atletykbaan. Dat is sa'n lúkse dy't sjoen de sitewaasje yn ús gemeente net oan'e oarder wêze kin. De klam moat mesr lizze op'e ûnderkant fan'e maatskippy. Syn fraksje leit de klam op it meitsjen fan bestimmingsplannen. It liket him better dat der in totaalstruktuerplan Boarnsterhim makke wurdt ynstee fan wer in dielplan. It útfieren fan al nommen besluten is in wichtich punt en dat moat eins de earste prioriteit hawwe. Hy fynt it prima dat der oan it ûnderhâld fan'e wegen mear barre sil De iennichste oare ristriksje dy't syn fraksje noch makket hat te krijen mei it behâlden fan'e natuerlike omjouwing. Hy fynt it tige tsjinstriidich dat it tastien wurdt dat rekreaasjewenten útwreide wurde meie, fral yn natuergebieten. 0091V 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 16