-6- It is in saak fan froulju én manlju. Troch de fergrizing en de ûntgriening sil der in berop dien wurde op it hiele arbeids- potinseel. Yn'e jierren '60 wie der ek in krapte op'e arbeidsmerk. Doe is der oer de grinzen socht om wurknimmers. Yn'e takomst sille de froulju mear ynskeakele wurde. In mienskip hat ynvestearre yn froulju en freget dêrfoar no wer wat werom. De hjoeddeistige frou wol in bydrage jaan oan'e mienskip, se hat de talinten, se hat romte en tiid krigen troch lytsere gesinnen en trochdat bern earder ta de doar útgeane. It moat de froulju dêrom ek mooglik makke wurde om op de arbeidsmerke te kommen ek as se lytse bern hat. Fandêr it beskikber kommen fan'e saneamde Oortjilden. Yn it regearakkoart stiet dat der noch mear jild beskikber komme sil. It is in spesifike útkearing yn it ramt fan'e Wolwêzenswet, in stimulearringsmaatregel foar 4 jier en dêrnei sil it fia it Gemeentefûns in algemiene útkearing wurde. De útfiering is dus dúdlik in taak fan'e gemeenten en dêr moat no al mei begûn wurde. Yn 1990 moat der al echt wat barre. Yn it bûtelân is berne-opfang al hierl gewoan en dêr is men der al oan wend. Yn ús lân sil dat noch moatte. De Wurkgroep Berneopfang hat al in protte foarwurk dien. It bedrach foar it ûndersyk hat nochal hiel wat diskusje opsmiten mar no is wol te sjen hoe nedich of dat ûndersyk wie. Oangeande it útstel ta it realisearjen fan berne-opfang it folgjende. De ryksbydrage fait yn twa dielen útien. In eksploitaasjebydrage en in bydrage yn'e kosten fan'e ynvestearring. Yn totaal giet it om 24 berneplakken. Yn'e praktyk stiet 1 berneplak foar de opfang fan 2 k 3 bern, dan kin der dochs in grut tal bern gebrûk meitsje fan de opfang. Jûn moat de rie it aksjeplan opstarte. De fraksje fan de P.v.d.A. kin har fine yn it útgongspunt om gebrûk te meitsjen fan de stimulearringsmaatregel berne-opfang. Se stipet it útstel om in Stichting Berne-opfang Boarnsterhim op te rjochtsjen. Tal fan saken moatte de oandacht hawwe: it soarte fan opfang, de oprieding en de kwaliteitseasken. De gemeente sil seis dy kwaliteitseasken opstelle moatte, lênlik wurde se net foarskreaun. Har fraksje stipet it útstel, sjoen de kwaliteit en de kontinuïteit, om mei it opstarten fan in bernedeiferbliuw te begjinnen. Om fan dêrút te sjen nei fierdere mooglikheden. De gemeente moat omt it in stimulearringsbydrage is, seis it selde bedrach bydrage yn'e eksploitaasje strekke. Dat freget finansjele stipe de kommende tiid. Har fraksje wol har, sjoen de weroriëntaasje en it kolleezjewurkprogramma, op dit stuit útsprekke foar 60.000,yn 1991 foar 12 berneplakken. Mei de Stichting sil de kommende tiid neigien wurde moatte hokfoar finansjele mooglikheden der yn'e takomst noch mear binne, sa as it meidwaan fanút it bedriuwslibben, it oanstellen fan personiel fia ferskate regelingen en it oansprekken fan fûnsen. 0091V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 18