-8- Ook moet er gekeken worden naar de uitgestrektheid van onze gemeente. De kleine dorpen moeten niet achtergesteld worden. De maatregelen die het huidige kabinet neemt zijn vooral rand stedelijk gericht. Het openbaar vervoer in onze gemeente verdient geen schoonheids prijs en de meeste ouders zijn dan ook aangewezen op eigen vervoer. De reisafstand zou ook een bezwaar kunnen zijn. Een kinderopvang dichtbij en in een vertrouwde omgevng werkt in het belang van het kind. Haar fractie steunt het collegevoorstel. De hear Van der Baan fynt dat it momint dêr't dizze kar op makke wurde moat net goed is. Hy fynt dat der earst ôfwachte wurde moat wat foar finansjele middels der binne. Dan kin yn dat ramt dit útstel ôfwûgen wurde tsjin oare saken oer dy't ek hiel needsaaklik binne. Mei dit útstel wurdt der ien ding uthelle en binne de oare noch net folslein bekind sjoch tsjut op in eigen- willich belied en dat moat no krekt net. Hy trunet der op oan sa fluch mooglik mei in totaaloersjoch te kommen om dan in goede kar meitsje te kinnen. Wethalder Bloem seit dat der in tal saken neamt binne dy't ek al yn'e tredde ofdieling nei foaren kaam binne. Se is it iens mei dyjingen dy't fine dat dit útstel op in ûngelokkich momint komt. It soe hiel moai wêze as ien en oar ôfwûgen wurde koe tsjin allegear oare saken oer. Yn dy sin hat it kolleezje der ek lang tsjin oan skytskoarre om dit no al te dwaan De reden dat it dochs dien wurdt hat te krijen mei de eask fan W.V.C. De druk fan W.V.C. is behoarlik swier wolle we gebrûkmeitsje fan sawol de ynvestearrings- as de eksploitaasje-subsydzje. As we net gebrûk meitsje fan dizze stimulearringssubsydzje dan moatte we us wol realisearje wat der dan barre sil. W.V.C. seit dat der yn it begjin net dreech dien wurde sil oangeande de earste eksploitaasje- en ynvestearringsbedragen benammen omt noch mei alles begûn wurde moat en it om in echte stimulearringssubsydzje giet. Krekt yn'e begjinfase is it fan belang alles te setten op'e ynvestearring. Dernei, as de saak ien kear oerein stiet, sil der mear oandacht bestege wurde moatte oan de eksploitaasje. Se tinkt dochs dat se dy fraksjes dy't berne-opfang in goede saak fine mar no noch gjin beslút nimme wolle, der op oansprekke wol goed nei te tinken oer wat se dogge as se net meigeane mei it kolleezje-útstel. Dan rint de gemeente nammentlik in wichtige bydrage yn it opsetten fan berne-opfang mis. It útwurkjen fan berne-opfang hoecht ek net yn te halden dat oare mooglikheden yn'e partikuliere sfear fuortendaliks ferdwine sille. Se is fan miening dat as berne-opfang mear organisearre wurdt en ûnderbrocht yn in stichting de mooglikheden foar folie mear minsken folie grutter wurde. As we it echt serieus miene dat manlju en froulju op lykweardige wize meidwaan kinne op'e arbeidsmerk dan sil de gemeente ek echt dizze stap nei berne-opfang sette moatte. 0091V 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 20