-9- De fraksje fan'e P.v.d.A. wol har net fierder fêstlizze as oantemei 1991 ta. Se tinkt dat dat mooglik ek foar oare fraksjes oanlieding is om mei te gean en om sa ynearsten de útjeften te beheinen. Dêrneist sil sa as ek op side 2 fan it útstel stiet, socht wurde moatte nei oare mooglikheden om de berne-opfang út te wreidzjen. Se kin har yntinke dat guon fraksjes it in ûnwisse saak fine. Der moat dan net fergetten wurde dat alles noch fan'e grûn komme moat. De kwaliteitseasken wurde yn'e takomst wol wichtich. De V.N.G. sil in foarset dwaan om kwaliteitseasken op papier te setten sadat gemeenten der gebrûk fan meitsje kinne. Mevrouw Van der Berg zegt dat haar fractie, met alle respect voor de mensen die al druk bezig zijn met de kinderopvang, van mening blijft dat het op dit moment te vroeg is hierover te beslissen. Frou Faber wol graach reagearje yn'e rjochting fan C.D.A. en F.N.P. Ut harren wurden makket sy op dat harren yntinsje posityf is. Sy wize allinne de kar op dit momint of. Sy sie har yntinke kinne dat C.D.A. en F.N.P. wol ynstimme kinne mei it útstel fan har fraksje om earst in útspraak te dwaan oer 1991, dat wol sizze foar 12 berneplakken. Dan kin letter mei de stiching besjoen wurde yn hoefiere it wurk útwreide wurde kin. Ek har fraksje rint oan tsjin it dilemma om al foar't de weroriëntaasje ófrune is en foar de begrutting in útspraak oer berne-opfang te dwaan. Se hopet lykwols dat de oare fraksjes harren fine kinne yn it útstel fan har fraksje. Frou Santema seit dat har fraksje wol akkoart gean kin mei it útstel fan de P.v.d.A. De hear Van der Baan begrypt dat ek P.v.d.A. en V.V.D., muoite hawwe mei de útjefte fan 60.000, Hy freget him óf oft men dan ek yn'e holle hat hokfoar besuniging dêr oan'e oare kant tsjinoer stean moat. Hy hie leaver hân dat it kolleezje kommen wie mei it útstel dêr't dúdlik yn oanjûn stie wêr't de dekking weikomme moat. Dit is net de earste kear dat saken út it totaalferbân weihelle wurde en dat hat him de oare kearen mar min smakke. Hy bliuwt dêrom by syn stânpunt. Wethâlder Bloem tinkt dat it goed is nochris de klam der op te lizzen dat wolle we hjit de berne-opfang opsette we dit jier begjinne moatte en dit jier al in plan hawwe moatte. Dan kom jo fansels dy saken tsjin dy't ek de kommende jierren spylje. It is wol hiel spitich dat wy seis net it momint kieze kinne om in beslút te nimmen, mar as de hiele rie wol mei de berne-opfang begjinne wol dan moat der no wol in beslút falie. It is dan in kwestje fan goed ynskatten wat it belang fan ien en oar is foar de takomst. Op sa'n wize in beslút nimme is yn it ferline wol earder bard. 0091V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 21