-10- Foar de begrutting fan 1990 hat it útstel gjin gefolgen. Yn de begrutting fan 1991 sit in strukturele romte. De W.V.C.planning giet út fan ynearsten 9,4 berneplakken. Ien berneplak kin troch mear bern brûkt wurde omt net elts bern full-time gebrûk makket fan'e berne-opfang. It kolleezje kin ynstimme mei it útstel fan'e fraksje fan'e P.v.d.A. De gemeentlike bydrage wurdt dan foarearst bepaald op 60.000, yngeande 1991 foar de rest feroaret it útstel net. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform dit voor stel besloten. De fracties van C.D.A. en F.N.P. worden geacht te hebben tegen gestemd. Voorstel tot het vaststellen van het Informatie- en Automati seringsplan Boarnsterhim en het beschikbaar stellen van een krediet voor uitvoeren van fase 1 van bedoeld plan. De hear Renia seit dat it jûn optilt fan'e yngripende besluten. Der binne fan dy saken dêr't men twifelmoedich tsjin oer stiet. En dizze automatisearringsynvestearring is der ien fan. Mar alle sinjalen wize derop: it moat. It is in absolute needsaak om yn'e takomst goed en effisjint te wurkjen en om de saken finansjeel goed te behearen en te behearskjen. Syn fraksje is der fan oertsjûge. Dochs giet hy mar skytskoarjend akkoart mei it útstel. Der wurdt in foarse oanslach dien op de algemiene reserve en dy reserve is noch net iens op peil. Noch mear fan soksoarte grappen en we geane wer nei de bedelte. Us earste soarch moat krekt wêze om dy reserve wer op peil te bringen. De twadde reden om net samar akkoart te gean is it beslach dat dizze ynvestearring leit op de middels foar de kommende jierren. Der sit yn'e maitiidsnota wol romte fan in pear ton mar syn fraksje is lykwols net gelokkich mei de dekking. Mar hy sjocht gjin oare útwei en hy wit dat dizze ynvestearring in absolute needsaak is foar de nije, planmjittige wurkwize op it gemeentehûs. De hear Breeuwsma fynt it tige ûnlogysk dat de algemiene reserve brûkt wurdt. Hy is der wol fan oertsjûge dat it automatisear- ringsplan hiel nedich is. Hy is fan betinken dat nettsjinsteande de needsaak, der net trochgien wurde kin mei ditsoarte fan ynvestearringsOm dy reden giet syn fraksje net akkoart mei it útstel. Hy fynt dat pas nei de weroriëntaasje in kar makke wurde kin. De hear SBouma is fan miening dat it foar ús gemeente need- saaklik is dat we up tot date bliuwe oangeande de automatisear- ring. Ek omt dêrtroch in protte ynformaasje foar hannen komt wat needsaaklik is foar it fieren fan in goed belied. Syn fraksje giet akkoart mei it útstel. 0091V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 22