-12- It maatskiplik wurk bygelyks kin holpen wurde. We doarre yn te sjitten op de oprop fan it ryk oangeande de berne-opfang en der kinne diken oanpakt wurde. It fait dus net óf. In pear saken fynt hy net op de list, dêr't hy fan hope hie dat dy regele wurde koene. Hy doelt dan ynearsten op de âlderein- soarch. Hy hopet fan herte dat de 50.000,wer op'e begrut- ting meinomen wurdt. As twadde in pear net sokke grutte posten dy't eins net iens wachtsje kinne op'e begrutting. Dat binne it gemeentemuseum dat fan't simmer iepengiet en werfoar 4.000,nedich is. It giet dan ek noch om it oan wurk helpen fan W.A.O.'ers fia it Admini- stratyf Sintrum. Ek de lokale omrop De Boarnster Stim soe holpen wêze mei wat jild fan'e gemeente. De hear Breeuwsma seit dat him op side 3 opfallen is dat de begrutting 1991 ynearsten op de nulline opsteld wurde sil. De leste jierren is hyltiten wurke mei de nulline. Yn de bylage fait him ûnder it haadstik "Bestaande begrotings ruimte" op dat ek de priisûntwikkeling as meifaller opnommen is. De begruttingsromte wurdt dan 273.808,- 131.000, 142.808,en dan wurdt it byld gâns oars. Hy hat ek noed mei it alderenbelied en fynt dat as der wat oer is it âldereinbelied as earste holpen wurde moat. Mar ek dêrfoar sil earst de weroriëntaasje ôfwachte wurde moatte. Wethâlder Bloem tinkt dat de hear Renia gelyk hat dat dizze maitiidsnota yn wat in oar deiljocht besjoen wurde kin omt der no dochs noch wat romte is. Se tinkt dat it kolleezje der ferstannich oan dien hat om hiel foarsichtich mei dy romte om te gean. Fierdere besunigingen sitte der net yn dizze maitiidsnota en in tal saken dy't hiel nedich binne kinne oppakt wurde. It hâldt yndied yn dat de saken dy't de hear Renia neamde sa as âldereinsoarch, gemeentemuseum en De Boarnster Stim mar ek noch oare saken yn'e begrtting foar 1991 ferwurke wurde sille. Yn'e begrutting sille ek de risseltaten fan de weroriëntaasje, it kolleezjewurkprogramma en de rekkeningsifers 1989 ferwurke wurde. Wat dat oanbelanget is de maitiidsnota in bystelling fan'e begrutting fan dit jier. Yn de earste útwurking fan'e begrutting foar 1991 sil yndied de nulline hantearre wurde. Letter sille de oare sifers sa as neamd op side 3 tafoege wurde. De romte dy't ûntstiet troch de priisûntwikkeling is opbrûkt. Se wol it by dizze konstatearring hâlde. It is wol wichtich om te bes jen hoe lang dit yn'e takomst sa folhâlden wurde kin. Se jout de hear Breeuwsma gelyk yn dy sin dat jo sa eins efterút buorkje. De hear Renia begrypt de wethâlder hiel goed dat we wachtsje moatte op it fêst^tellen fan'e begrutting. Mar it museum giet dizze simmer wol iepen. Hy freget der dochs noch in kear omtinken foar. 0091V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 24