-19- Wethâlder Bloem fynt dat de hear Van der Baan terjochte omtinken freget foar de posysje fan'e W.A.O.-ers. It kolleezje ûnderkint dat de sitewaasje dêr't dizze minsken yn ferkeare der faak net sa best útsjocht. Dy minsken hawwe ek faak ferlet fan stipe dy't fieder giet as de stipe dy't se krije fan'e útkearingsynstânsje. It kolleezje hat dêrom ek foar dizze subsydzje-oanfraach in útsûndering makke. Oare subsydzje-oanfragen wurde direkt al fansieden lein mar omt it kolleezje ek wol it ferlet sjocht wurdt dizze oanfraach, al is it mar foar in part, honorearre. De hear Van der Baan fynt it formele antwurd fan de wethâlder bûtengewoan teloarstellend. Hy wol de rie der mei klam op wize dat de sitewaasje fan W.A.O.-ers folie slimmer is as tocht wurdt. In boufakker dy't 10 jier lyn yn'e W.A.0.-regeling kaam, hat op dit stuit in útkearing dy't mar 56 persint is fan it lean fan in boufakker hjoeddedei. Dizze minksen libje ûnder de earmoedgrins Hy fynt it in skande dat we der fan sizze dat in oar him der mar mei réde moat. We kinne dizze minksen net mei in foai fuort- stjoere, mar we moatte krekt rynsk jaan. Dizze minksen moatte wer it gefoel krije der by te hearren. Se moatte op ús rekkenje kinne. As jo fan te foaren al witte dat 1.000,te min is dan is it in skande dat dizze gemeente de oanfraach fan it Frysk W.A.0.-beried sa ôfdocht. Hy bliuwt by syn útstel it totale bedrach fan 6.000,te jaan en hy soe it in swarte bledside yn'e skiednis fan Boarnsterhim fine as dizze oanfraach net hono rearre wurdt. Frou Faber seit dat de hear Van der Baan no foarkomme litte wol as soe Boarnsterhim neat foar dizze minsken dwaan. Dat is perfoarst net wier. Der is yn ús gemeente in belied op it mêd fan it frijskatten fan belestings, rojaler as de ryksnoarmen oanjouwe. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat dizze minsken faak gjin gebrûk meistje fan dizze regelingen omt se der net mei op'e hichte binne. En krekt derfoar kin it sprekoere hiel goed wêze. Frou Fahcr is it der net mei iens. Fia ûnder oaren de Mid- Frieslander wurdt der hiel folie muoite foar dien de minsken op dizze regelingen te wizen. Der komme ek in protte oanfragen binnen. De gemeente lit dizze minsken dus net yn'e kjeld stean. Wethâlder Bloem seit dat it fansels hiel aardich wêze soe om mear jild út te jaan foar dizze groep minsken. Yn'e earste termyn hat sy al oanjûn hoe't de gemeente omgiet mei subsydzje- oanfragen. De opmerkings fan de hear Van der Baan as soe de gemeente him der ôfmeitsje binne foar syn rekken. Sjoen de hiele sitewaasje, ek oare gemeenten dogge it op deselde wize, bliuwt it útstel fan it kolleezje oerein. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 0091V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 31