GEMEENTE BOARNSTERHIM 5. Utstel oangeande it brûken fan de Fryske doarpsnammen troch de P.T.T. Oan de gemeenteried. Grou, 15 juny 1990. 1. Ynliedina. Sa't jimme witte hat de Arrondissemintsrjochtbank yn Den Haach in útspraak dien yn de "boaiemproseduere", sa't dy troch de gemeenten Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim mei stipe fan de provinsje Fryslân tsjin de P.T.T. oanspand wie. Dêrnjonken hat oerlis pleatsfûn tusken de P.T.T., de provinsje en beide gemeenten oer de mooglikheid om yn de tillefoan- en postkoadegidsen ferwizings op te nimmen. Op beide punten wurdt yn dit útstel yngien. 2. Utspraak riochtbank Den Haach. De Arrondissementsrjochtbank yn Den Haach hat op 2 maaie lêstlyn de earste fan de gemeenten Boarnsterhim en Tytsjerk- steradiel, stipe troch de provinsje Fryslân en rjochte tsjin de P.T.T., ôfwiisd. De eask hâldde, koartsein yn, dat de P.T.T. de Fryske doarps nammen yn harren gidsen en bestannen ynfiere soe. Gearfetsjend seit de rjochtbank dêrfan it folgjende: - de Fryske doarpsnammen binne de offisjel nammen; - de P.T.T. is net streekrjocht ferplichte om dy nammen yn de postkoade- en tillefoanboeken en yn de bestannen op te nimmen; de besluten fan de gemeenten hawwe gjin eksterritoriale wurking; - der is gjin ferplichting foar de P.T.T. fanút in wetlik foar- skrift of in net fêstleine rjochtsnoarm om de offisjele nammen te brûken. Fanwege de doelstelling fan benammen P.T.T.-post - in flugge postbesoarging - is it op himsels, fan P.T.T. út besjoen, in wize fan hanneljen dy't te akseptearjen is, as de P.T.T. de gongbere yn stee fan de offisjele nammen brukt; - de P.T.T. hat op himsels net foldwaande oantoand, dat der in fersteuring fan it postale wurkproses by dizze twa lytsere gemeenten pleats fine sil. Omdat it om twa proefgemeenten foar it brûken fan it Frysk by doarps- en strjittenammen giet, kin men yn ferbân mei presedintwurking terjochte bang wêze foar fersteuring. 3Utstel P.T.T. Jimme hawwe lezen dat der oerlis west har tusken de provinsje en de P.T.T. oer de Fryske doarpsnammen; de gemeenten wiene via de provinsje ek belutsen by it oerlis. It wie it doel om út de ympasse te kommen, dêr't de P.T.T., de provinsje en de gemeenten yn fersile wiene. 0092V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 43