-2- Oe P.T.T. hat in útstel dien, dat, yn grutte linen, it folgjende ynhâldt: - der koirane ferwizings yn de tillefoangidsen fan de Frysktalige wenplakken nei de Nederlânske nammen; adresgegevens bliuwe opnommen ûnder de Nederlânske nammen; - yn it aparte katern, foaryn it supplemint by de postkoadegids, komt in ferwizing fan de Fryske nei de Nederlânske nammen; ek hjirre bliuwe de gegevens by de Neder- lânske nammen stean. Foar de ferwizings wurdt in bedrag fan 500,per ferwizing betelle; - de prosedueres moatte ophâlde; de gemeenten moatte ek ôfsjen fan fierdere fersiken oan de P.T.T. Allinne as der sprake is fan wiziging yn de omstannichheden, op grûn werfan de P.T.T. har stânpunt feroarje moatte soe, kinne de gemeenten der op weromkomme. Der is fierders benammen praat oer wat ûnder "wiziging yn de omstannichheden" ferstien wurde moat. Yn it oerlis is der gjin konkrete útwurking oanjûn. De gemeenten binne frij en jou in eigen oardiel oer in wiziging fan omstannichheden. Hja kinne hjiroer altiten op'e nij oerlizze mei de P.T.T. Mocht men it net iens wurde, dan kinne fierdere stappen dien wurde. 4Hoe no fierder? Beide saken lizze der no. Der moat in beslút nommen wurde om al as net yn berop te gean. Ek moat besluten wurde wat der mei it útstel fan de P.T.T. dien wurdt. Wy binnen fan betinken dat der gjin berop ynsteld wurde moat en dat it útstel fan de P.T.T. akseptearre wurde moat. Dêrby hawwe wy de neifolgjende motiven. - Der binne wol oangripingspunten om yn berop te gean. It begjinsel fan de "non-eksterritorialiteit" wurdt troch de rjochtbank wol hiel gau oannommen. Ek oer de fersteuring fan it postferkear, seis by mear gemeenten yn Fryslân, is mear te sizzen. Oan de oare kant leit der no in dúdlike útspraak fan de rjochtbank yn de boaiemproseduere; dy útspraak leit yn de line fan de twa koart-geding fonnissen. Der komt noch by, dat de beropsproseduere op syn minst oardel jier duorret; de kassaasjeproseduere likernoch twa jier. - It útstel fan de P.T.T. haldt yn, dat yn de gidsen fan de P.T.T. de offisjele nammen opnommen wurde, ek al wurdt dêr dan ferwiisd. Dat is dúdlik minder as de gemeente foar eagen hie, dat wie it yntegraal opnimmen fan de Fryske nammen. 0092V 19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 44