-3- Dochs wurde by it oanfurdzjen fan it útstel de offisjele nammen opnommen. Der wurdt in basis lein foar in bettere, mear positive ferhâlding mei de P.T.T. op dit punt. Fia de klausule fan "Feroaring yn de omstannichheden" is der foar de gemeente yn de takomst in mooglikheid om dit punt yn goed oerlis mei de P.T.T. op'e nij op it aljemint te bringen. - Yn mear as ien rjochterlike útspraak is no de rjochtmjittigens fan de besluten oer de Fryske plaknammen fêststeld. De Fryske nammen binnen de offisjele nammen. It oannimmen fan it útstel fan de P.T.T. betsjut, dat de line dy't yn de besluten útstippele is, yn de omstannichheden sa't dy no binne, folge wurdt Der komme ferwizings yn de P.T.T.-boeken. - Wichtich is ek, dat ús kolleezje altyd fan betinken west hat en ek no noch is, dat de doarpsnammen net in saak fan Boarnsterhim al li mie is. It is in saak, ek fan de provinsje en fan oare gemeenten. Yn ferbân hjirmei is it oparbeidzjen mei de provinsje en mei de gemeente Tytsjerkseradiel ek op dit stuit fan belang. Ek dêr is men fan betinken dat it útstel fan de P.T.T. aksep- tearre wurde moat. 5. Takomst. Us kolleezje lukt út de juridyske prosedueres mei de P.T.T. yn alle gefallen de konklúzje, dat der yn de fierdere ûntjouwing fan it belied Fryske plannen ûntwikkele wurde moatte foar in ferbreding fan it draachflak foar it Frysk. Dat kin de gemeente net allinne. It kolleezje sil op dit punt oerlis fiere mei yn it foarste plak de oare oerheden yn Fryslân, konform it troch jimme fêststelde kolleezjewurk- programma. 6. Utstel. Op grün fan it boppesteande stelle wy jimme út: a. net yn berop te gean tsjin it fonnis fan de rjochtbank Den Haach fan 2 maaie 1990; b. it oanbod fan de P.T.T. oangeande it opnimmen fan ferwizings yn de postkoade - en tillefoanboeken oan te nimmen; c. de kosten fan de ferwizings as bedoeld ûnder b, ten leste te bringen fan it kredyt foar de juridyske prosedueres. Burgemeester en wethouders der gemeente Boarnsterhim, de secretaris, de burgemeester, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0092V 20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 45