GEMEENTE BOARNSTERHIM 9. Utstel ta it beneamen fan leden fan de behearskommis je fan de "O.S.G. Mid-Fryslên". Oan de gemeenteried. Grou, 15 juny 1990. Yn de gearkomste fan 10 april 1990 hat jimme ried besluten om in kommisje yn te stellen, dy't as taak hat om de iepenbiere skoalle- mienkip Akkrum/Grou te bestjoeren en te behearen, ien en oar mei achtslaan fan de rigels, dy't fêstlein binne yn de "Verordening beheerscommissie openbare scholengemeenschap "Mid-Fryslên" Op grûn fan kêst 4 fan neamde oardering bestiet de behearskommisje út 7 leden, dy't troch jimme ried beneamd wurde. Dy leden binne: a. de wethâlder van ûnderwiis; b. 2 gemeenteriedsleden; c. 2 leden, dy't achte wurde om in bydrage jaan te kinnen oan de ûntwikkeling fan it algemien foarmjend ûnderwiis binnen de skoallemienskip; d. 2 leden, dy't achte wurde om in bydrage jaan te kinnen oan de ûntwikkeling fan it tarissend beropsûnderwiis binnen de skoalle mienskip. De leden, dy't neamd binne ûnder a en b sille út jimme midden beneamd wurde moatte. Oangeande ien fan de leden, dy't neamd binne ûnder c, hat de meisiz- zenskipsried it rjocht, datoangeande in geskikte kandidaat by ús kolleezje foar te dragen. No't der op dit stuit noch gjin meisizzenskipsried foar de "O.S.G. Mid-Fryslân" ynsteld is, hawwe wy de meisizzenskipsrieden fan de Mafû/lbû te Akkrum en de Mafü te Grou, frege om te sjen nei sa'n kandidaat en dat mei net in lid fan meisizzenskipsrieden wêze. Oangeande ien fan de leden dy't neamd binne ûnder d, hat it bestjoer fan de algemiene feriening foar berops- en oar fuortset ûnderwiis yn'e eardere gemeente Utingeradiel it rjocht, datoangeande in geskikte kandidaat by ús kolleezje foar te dragen. Wy merke noch op, dat wy, wat de gearstalling fan de behearskommis je oanbelanget, it fan belang achtsje, dat de leden yn safolle mooglik gelikense oantallen komme út it gebiet fan de skoallemienskip "Mid-Fryslân" te Akkrum en it gebiet fan de Carel van Roordaskoalle te Grou. Dêrn jonken hawwe wy op grûn fan kêst 4, lid 3, ûnder b, in iepenbiere oprop pleatst foar in lid, bedoeld ûnder c en d "Mid-Frieslander" fan 15 maaie 1990). Nei oanlieding fan it boppesteande hawwe beide meisizzenskipsrieden besluten de hear R. Soet, Hoxma 26 te Grou as kandidaat foar de kommisje foar te dragen, wylst it bestjoer fan de eardere L.H.N.0. te Akkrum mefrou J. de Jong, Polsleatwei 15 te Akkrum as kandidate foardraagt. 0091V 44

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 50