- 2 - Dermei binne fan de 4 plakken ûnder c en d 2 plakken fersein. Foar de 2 oare plakken hawwe de hearen J. Hemminga/ Himdyk 16 te Akkrum, de hear W.A.M. Nuiten, Sjonnema 8 te Grou, en de hear Postmus, Ayttawei 29 te Reduzum, harren beskikber steld. De hear Hemminga wie foarsitter fan de skoallemienskip yn Akkrum, de hear Nuiten is troch de direksje fan de skoalle te Grou benadere wylst de hear Postmus seis gading makke hat foar it plak ûnder d. Gearfetsjend stelle wy jimme út de wethâlder fan ûnderwiis te beneamen as lid fan de behearskommisje, 2 leden út jimme midden en mefrou De Jong en de hear Soet te beneamen. Wat de beneaming fan it 6e en 7e betreft, stelle wy jimme út in kar te meitsjen tusken de hearen -yn alfabetyske oarder- Hemminga, Nuiten en Postmus. De beneaming fan de leden van de behearskommis je fan de "O.S.G. Mid-Fryslân" kin dan yngean op 1 augustus 1990. Boargemaster en wethalders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0091V 45

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 51