GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Offloeiïngsregeling ûnderwizend en ûnderwiisstypjend personiel. Oan de gemeenteried. Grou, 15 juny 1990. Fan de Feriening fan Nederlanske Gemeenten (V.N.G.) ha wy berjocht krigen, dat de offloeiïngsregeling ûnderwizend personiel basisûnderwiis, fêststeld troch de gemeenteried yn syn gearkomste fan 19 maart 1985 op in oantal punten wizige wurde moat. Fierders moat ek foar it ûnderwiisstypjend personiel -ek al is der bygelyks mar ien skjinmakker oan in skoalle- in offloeiïngsregeling fêststeld wurde. De wiziging fan de Sffloeiïngsregeling ûnderwizend personiel is benammen bedoeld om de efterstân dy't froulju ek yn it ûnderwiis hawwe sljocht te eidzjen (ynheloperaasje)In bepaling fan deselde strekking is ek opnommen yn de regeling foar it ûnderwiisstypjende personiel. Nei wiidweidich oerlis mei de ûnderwiisorganisaasjes (AB0P/NGL/AWM0/ AbvaKabo) is oerienstemming berikt om ek de fersoargingstiid fan bern troch froulike learkreften oant in bepaalde hichte ta te rekken- jen oan it begrip tsjinsttiid. De efterlizzende gedachte is dat froulju oer it algemien de fersoarging fan de bern op harren nimme, sadat sy kans rinne minder tjinsttiid op te bouwen en dêrtroch by it werom rinnen fan it oantal learlingen earder yn oanmerking komme foar taakfermindering dan wol ûntslach. Op lênlik nivo is oerienstemming berikt om de fersoargingstiid mei weromwurkjende krêft meitelle te litten oant maksimaal 6 jier. Dat betsjut dat ek de fersoargingstiid foar de wiziging fan de Sffloei- ingsregeling meinommen wurde kin. De nije regeling sil net sunder mear tapost wurde op it sittende personiel. Der sil rekken halden wurde moatte mei in oergongsregeling. It sittende personiel hêldt foarearst de opboude rjochten. Earst, wannear't it giet om in nije oanstelling op in skoalle, sil by de fêststelling fan de tsjinsttiid rekken halden wurde moatte mei mooglike fersoargingstiid en dêrmei mei mooglike ferskowing yn de besteande óffloeiïngsfolchoarder fan personiel oan dy skoalle. Beide regelingen binne om advys tastjoerd oan de Mienskiplike Meisizzenskipried en binne besprutsen yn de 2e ôfdieling fan jim ried. It advys en it ferslach dêrfan leit foar jim by de stikken op besjen. Wy stellen jim út de model offloeiïngsregeling ûnderwizend- en ûnwiisstypjend personiel konform oer te nimmen en fêst te stellen en de ôffloeiingsregeling fêststeld by riedsbeslút fan 19 maart 1985, nûmer 17, yn te lûken. 0090V 104

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 72