GEMEENTE BOARNSTERHIM 25. Utstel om in mearjierrenplenning ûnderwiisaktiviteiten fêst te stellen foar de perioade 1991 - 1993. Oan de gemeenteried. Grou, 15 juny 1990. Sa't jim witte is ein 1984 it ûnderwiisbeliedsplan foar it iepenbier ûnderwiis fêststeld. Mei de tarieding fan it plan is yn 1983 útein set troch de eardere gemeente IdaerderadielNei't it konsept begjin 1984 klear wie, is it om in reaksje tastjoerd oan alle iepenbiere skoallen. Alle ynkommen reaksjes binne dêrnei foarsjoen fan kommin- taar fan de stjoergroep, wêrby yn guon gefallen it konsept oanpast Neffens de wurkgroep moat it ûnderwiisbeliedsplan rjochting jaan oan it gemeentlik ûnderwiisbelied. Yn it ûnderwiisbeliedsplan wurdt oer it generaal útgien fan de meast ideale sitewaasje. De gemeente moat yn oerlis mei de skoallen besykje om oan te jaan op hokker wize de doelstellings helle wurde kinne, ek al wurdt útgien fan in hast ûnberikbere ideaalsitewaasje. It bestjoer moat mooglikheden oanjaan dy't útfiering fan de doelstellings troch de skoallen mooglik meitsje. Wy ûnderskriuwe dy opfetting fan de stjoergroep en steane boppedat op it stânpunt dat it ûnderwiisbeliedsplan brûkber en útfierber wêze moat. It moat net ferwurde ta in statussymboal en deade letters. Yn ús útstel fan 14 novimber 1984 oan jimme ried hawwe wy der ek al op wiisd, dat it ûnderwiisbeliedsplan rjochtingjouwend wêze moat foar it belied, de mooglikheden iepenje moat foar in fasearre oanpak fan de swierrichheden en it útgongspunt foarmje moat foar it fêststellen fan prioriteiten. Fierders moat it ünderwiisbeliedsplan in bydrage leverje oan de kwaliteitsferbettering en -behearsking fan it ûnder- wiis Mei it each dêrop is yn 1985 in wurkgroep foarme, dy't de namme kommisje ünderwiisbeliedsplan meikrigen hat, koartsein "KUB". De opdracht dy't de KUB meikrigen hat, is: 1. it regelmjittich bystellen fan it ünderwiisbeliedsplan en it oppakken fan ûnderwerpen dy't der noch net ynstean; 2. de skoallen helpe by de útfiering fan de doelen fan it ünder wiisbeliedsplan; 3. mei help fan it ünderwiisbeliedsplan de mooglikheid fergrutsje om op trochtochte wize foarrang te jaan oan útjeften binnen de ûnderwiissektor. Ad 1. In oantal nije ûntwerpen, sa as bewegingsünderwiis, froulju-emansi- paasje, ûnderwiisstruktuer, is tarieden troch de KUB en fêststeld troch jim ried. Dêrnjonken is troch de KUB advisearre oer ferskate ûnderdielen, sa as beneamingsproseduere ûnderwizend personiel, frysk yn it ûnderwiis, swimûnderwiis, musykûnderwiis, bekostiging basis- ûnderwiis, ensafuorthinne. 0090V 100

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 74