- 2 - Ad 2/3. It meast drege part fan de opdracht hat west, it part dat neamd wurdt by foargeande punten twa en trije, de útfiering fan de doelen fan it ûnderwiisbeliedsplan en dêrmei gearhingjend de finansjele ûnderbouwing. Op hokker wize it beste stâl jûn wurde kin oan de útfiering fan it underwiisbeliedsplan wie foar de KUB noch net iens sa ienfâldich. De swierrichheid is nammentlik, dat konkretisearring fan it underwiis beliedsplan net te dizich wêze mei, mar oan'e oare kant ek wer net te detaillistysk. Der is al mei al hiel wat omwraksele oer de wize wêrop sa goed en dúdlik mooglik stal jûn wurde kin oan de opdracht om útfiering te jaan oan it underwiisbeliedsplan. Troch ûntjouwingen op ferskate meden, sa as ministeriële maatregels, maatskiplike feroaringen, ensafuorthinne, is de KUB fan miening dat der troch de gemeente - as skoallebestjoer - op haadlinen dochs wat mear dien wurde moat oan stjoering, sûnder dat derby yn details gien wurdt en sûnder dat it bestjoer him fuortdaliks bemuoit mei de ynhâldlike kant fan it ûnderwiis. In middel om dat te realisearjen, is in mearjierrenplen- ning dy't yn goed oerlis mei alle belanghawwenden gearstald wurdt. De mearjierrenplenning is yn feite in konkretisearring c.q. útwur- king fan it underwiisbeliedsplan, wêrby de doelen en útgongspunten fertaald binne yn in oantal aktiviteiten. In wichtich foardiel fan de mearjierrenplenning is, dat ynsicht en oersicht krigen wurdt fan saken dy't him op de skoallen ôfspylje, wêrby yn oerlis prioriteiten steld wurde ferspraat oer in oantal jierren oanien. Elts jier wurdt op'en nij neigien at de plenning bysteld of oanfold wurde moat, wêrby it net útsluten is, dat der in ferskowing yn de prioriteitstelling oanbrocht wurdt. It is seker net de bedoeling dat saken fan boppe-ôf sûndermear oplein wurde oan de skoallen. Feit is wol dat yn'e regel skoallen oerstjalpe wurde mei allerhande ideeën, projekten, aktiviteiten en methoaden. Om dêrút in ferantwurde kar te meitsjen, is it wichtich dat der in (toets)ramt is dêr't dy saken oan spegele wurde kinne. Op skoalle- nivo is dat by útstek it skoallewurkplan dat linearre wêze moat oan it underwiisbeliedsplan dan wol de mearjierrenplenning ûnderwiis- aktiviteiten. De mearjierrenplenning is in konkretisearring fan de doelen en útgongspunten fan it ûnderwiisbeliedsplan en moat sjoen wurde as in skoalle-oerstiigjend plenningsdokumint, wêrby foar de yndividuele skoallen noch foldwaande romte oerbliuwt om ek omtinken te jaan oan saken dy't fan te foaren net te foarsjen binne. Der moat dus in stikje fleksibiliteit yn sitte. In wichtich foardiel fan de mearjierrenplenning is, dat in better ynsicht en oersicht krigen wurdt fan saken dy't him op de skoallen opspylje moatte, wêrby yn goed oerlis mei de skoallen in prioriteit stelling makke wurdt. Dêrnjonken binne der altyd aktiviteiten dy't net beheind bliuwe ta ien bepaalde skoalle mar dy't op meardere skoallen oan'e oarder binne. Ut in eachpunt fan effektiviteit en effisjinsje kinne guon aktiviteiten hiel goed oppakt wurde troch meardere skoallen. It is seis mooglik dat yn bepaalde gefallen it bysûnder ûnderwiis dêr ek yn partisipearret, ôfhinklik fan it Onderwerp. 0090V 101

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 75