- 3 - It is wichtich dat de wikselwurking tusken bestjoer en de skoalle (personiel/âlders) optimalisearre wurdt, dat it bestjoer op de hichte is fan wat der op de skoallen libbet en oarsom ek. Der sil in fertrouwensbasis wêze moatte. Foar safier't dy der net foldwaande is sil der troch ús oan wurke wurde om dy basis te fersterkjen. En last but not least foarmet de mearjierrenplenning in ûnderbouwing foar de gearstalling fan in finansjeel plan, wêrby in ferantwurde ofweging makke wurde kin fan de wize wêrop de beskikbere finansjele middels bestege wurde. Foar takomstige aktiviteiten kin oer in oantal jierren ferspraat jild frijmakke wurde en fêst reservearre wurde foar dy takomstige aktiviteiten. Fansels is it in proses dêr't de nedige ûnderfining mei opdien wurde moat. It wurkjen mei in yntegrale mear jierrenplenning is eins wat nijs, hoewol't mei in soartgelikens systeem foar de húsfesting fan it basisûnderwiis al in oantal jierren op dy wize wurke wurdt. Wy binne fan betinken dat it de muoite wurdich is om ris ûnderfining op te dwaan mei it wurkjen fan in mear jierrenplenning, dy't elts jier op'en nij fêststeld wurdt, wêrby ferslach dien wurdt fan de foarôfgeande perioade. Oer it útstel sa't dat no foar jim leit is wiidweidich skriftlik- en/of mûnling oerlis west mei it personiel, de âlders (meisizzen- skipsrieden) fan de skoallen en de mienskiplike meisizzenskipsried. Reaksjes fan meisizzenskipsrieden en direkteuren basisûnderwiis lizze foar jim by de stikken op bes jen. Foar alle dúdlikens is in gebrûksoanwizing tafoege oan de mearjierrenplenning ûnderwiisaktivi- teiten. Wy stelle jim út om de mear jierrenplenning 1991 - 1993 oerienkom- stich taheakke útstel oer te nimmen en fêst te stellen. Boargemaster en wethêlders fan Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, P.H. Starreveld. B.G. Holtrop. 0090V 102

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 76