GEMEENTE BOARNSTERHIM 27. Utstel om in beslút te nimmen om de iepenbiere basisskoalle "It Kampke" te Terherne yn stân te halden. Oan de gemeenteried. Grou, 15 juny 1990. Op grûn fan it sûnt 1 augustus 1988 wizige kêst 108, le lid fan de Wet op it Basisunderwiis, moat de gemeenteried in beslút nimme om in iepenbiere basisskoalle yn stén te hâlden, wannear't it oantal learlingen op 16 jannewaris yn in bepaald jier, i.c. 1990, minder west hat as 50, yn it gefal in gemeente minder as 25.000 ynwenners hat. Dat beslút moat nommen wurde foar 1 oktober 1990. In beslút kin benefter bliuwe wannear't it om in skoalle giet dêr't yn de ynstânhâldingsrûnte 1989 of 1990 al in riedsbeslút foar nommen waard, dat goedkard is troch Deputearre Steaten foar in perioade fan twa of trije jier. Twa jier ferlyn is yn jim gearkomste fan 13 septimber 1988, nûmer 24, besluten om twa skoallen foar iepenbier basisûnderwiis dy't ûnder de wetlike noarm fan 50 learlingen foelen, yn stân te halden. It gyng om "De Lege Geaën" te Sibrandabuorren en "It Kampke" te Terherne. Yn beide gefallen waard derfan dtgien dat de skoallen' saneamde "Deetmanskoallen" wiene. Dat binne lytse skoallen dêr't oanpaste noarmen foar jilde, dy't opnommen binne yn de Wet op it Basisûnderwiis (kêst 108, 3e lid (b)). Foar dy "Deetmanskoallen" moat de gemeenteried elts jier op'en nij in ynstânhâldingsbeslút nimme. Oangeande it ynstânhâldingsbeslút 1989 (riedsbeslút 13 septimber 1988/nûmer 24), hat Deputearre Steaten by skriuwen fan 24 febrewaris 1989 meidield dat "De Lege Geaën" gjin "Deetmanskoalle" is. De ófstén nei de skoalle fan deselde rjochting dy't it tichtsteby is (Boazum), is 2500 meter (himelsbreed) It riedsbeslút is lykwols hifke oan troch de provinsje Fryslên stelde objektivearre noarmen. Op grûn dêrfan is it ynstânhâldingsbeslút dan ek foar trije jier goedkard. Dat haldt yn dat earst foar 1 oktober 1991 foar Sibrandabuorren op'en nij in ynstânhâldingsbeslút nommen wurde moat. Foar "It Kampke" jildt dat net. "It Kampke" wurdt sjoan as in saneamde "Deetmanskoalle", dy't foldocht oan de noarmen sa't dy opnommen binne yn kêst 108, 9e lid ûnder b fan de Wet op it Basisunderwiis. Dat haldt yn dat yn it gefal der minder as 50 learlingen de skoalle besykje op 16 jannewaris fan dit jier, der in nij ynstânhâldingsbeslút nommen wurde moat. It oantal learlingen dat op 16 jannewaris 1990 "It Kampke" besocht, wie 39 learlingen. Dêrmei moat foar de ynstânhâldingsrûnte 1991 foar dy skoalle op'en nij foar 1 oktober oansteande in ynstânhâldingsbeslút nommen wurde. 0090V 106

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 79