- 4 - Om't net alle fraksjes yn it kolleezje ferstjinwurdige wêze kinne moat der in kar dien wurde. Sjoen de getalsferhâldingen komt it der op del dat fan'e wethaldersposten 2 foar de P.v.d.A. binne en 1 foar in oare party. As men in kolleezje wol dat rûchwei 2/3 fan'e kiezers fertsjinwurdiget, en dat is dochs in knappe ôfspegeling, dan komt dat del op in kolleezje P.v.d.A. - V.V.D. as P.v.d.A. - CDA. Hoe wurdt no dy kar makke? Hy seit dat syn fraksje rom op tiid, al foar de ferkiezings, de oare fraks jes útnoege hat om meielkoar te oerlizzen oer de takomst. De P.v.d.A. hie dêrta in praatstik opsteld. Mei alle trije oare fraksjes is oerlein. Dat oerlis is yn goede sfear ferrûn en hie as útkomst dat alle partijen har yn haadlinen fine koenen yn'e útgongspunten en doelstellings fan it stik. Dit stik foarmet de basis foar it nije kolleezjewurkprogramma, dat de earstfolgjende riedsgearkomste oan'e oarder komme sil. Yn grutte halen komt it der op del dat it kolleezje kiest foar kwaliteit boppe kwantiteit en foar stabilisaasje fan it ynwennertal en foar it útwreidzjen fan'e kwaliteit fan wenjen, wurkjen en rekreëarjen. Dat betsjut útwreiding fan'e miljeusoarch, mear omtinken foar de wenomjouwing, oandacht foar de soarch yn'e meast brede sin as alderenbelied, maatskiplik wurk ensafuorthinne en in effisjint draaiend apparaat mei behearsbere middels. Dat freget nochal in ynvestearring om dat alles de kommende 4 jier fan'e grûn te tillen. Sjoen it ûndersyk fan Thijssen en Vos is in planmjittige wurkwize nedich utgeande fan in totaalfysje dellein yn jierplannen dêr't geregeldwei op weromkommen wurde kin. Dizze wize fan wurkjen freget in goed oerlis, ek tusken de fraksjes dy't it kolleezje foarmje en it freget homogeniteit yn'e fraksjes. Sjoen de petearen dy't der west binne, sjoen ek de getalsmjittige ferhâldings en sjoen boppeneamde opmerkings, tinkt syn fraksje dit it best realisearjen te kinnen mei de fraksje fan'e V.V.D. Syn fraksje stipet de kandidaat fan dy fraksje en se drage seis foar as kandidaten de hear Nieuwdam en frou Bloem. Frou Veldstra seit dat de F.N.P.-fraksje fan betinken is en wie dat de útslach fan'e ferkiezings in kear yn'e gemeentlike polityk betsjut. Soks kin net sûnder gefolgen bliuwe binnen de ferhaldings yn'e rie. Nei in grutte perioade hat de befolking de P.v.d.A. by de leste ferkiezings in dúdlik teken jûn. It gefolch is dat de P.v.d.A. gjin mearderheid mear hat. Dat yn'e foargeande perioades de P.v.d.A. ek de mearderheid hie yn'e kolleezjes wie logysk en foar safier bekind hat dêr ek nea krityk op west. De útslach fan'e leste ferkiezing hat lykwols in oare mearderheid brocht. C.D.A., V.V.D. en F.N.P. hawwe no 9 riedssitten. De P.v.d.A. 8. Yn dy sitewaasje liket it har logysk ta dat de P.v.d.A. it docht mei 1 wethâlderssit. 0088V 28

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 9