- 7 - De hear Van der Baan stelt yn it foarste plak dat de F.N.P. bliid is dat de Fryske plaknammen de offisjele binne en dat de rjochter dat ek befêstige hat. Hy is dêr as Fries seis tige grutsk op. It Frysk is in unyk en âld kultuerguod dat him de ieuwen troch fernijd en ûntwikkele hat. It seit nochal wat dat minsken de ûndergong fan in ieuwenâlde kultuer befoarderje út sleauwens en kultuerearmensAs wy yn Fryslên yn in ûnwerkenbere massa opgean wolle dan is dat net de kar fan'e F.N.P. It giet syn fraksje yn dizze saak dus om folie mear dan allinne it fêststellen fan plaknammen. Ek de V.V.D. soe witte moatte dat dy plaknammen in ûnderdiel binne fan it taalbeliedsplan. As wy ôfhingje soene fan de hâlding fan guon riedsleden dan wie it net sa botte best. Hy neamt it in politike hernia fan it C.D.A. as se no ôfwike fan harren eardere stânpunt. It C.D.A. hat altiten sterk pleite foar Fryske doarpsnammen en no draait men de hiele saak om. De rol fan de P.T.T. wol hy dochs noch efkes op werom komme. Yn maaie 1985 kaam der al in brief fan de P.T.T. Der skriuwt de P.T.T. dat sy yn'e jierren 70 opdracht jûn hawwe tot unifor- mearring en standaarisearring fan de skriuwwize fan strjit- en plaknammen. No docht bliken dat de P.T.T. net tastiet dat wy feroaring fan de plaknammen ynfiere. Mar as yn 1985 yn Brummen in bestimmingsplan fêststeld wurdt dan wurde de strjitnammen fêststeld yn it Feluwsk dialekt. Seis advisearre de P.T.T. yn Wieringen om strjitnammen yn it dialekt fêst te stellen. Dat is dus de halding fan de P.T.T. en dêr hoecht net mear oan twifele te wurden, it is in anti-Fryske halding rjochte tsjin it Frysk. It Fryske folk wurdt yn'e hoeke skopt. Hy is dêrom bliid mei it kompromis, al sinnicht de útspraak fan'e rjochter him net sa bot. De Fryske nammen wurde dan wol offisjeel mar it beslút fan'e gemeente hat gjin eksterritoriale wurking. Dat is in handige set fan'e rjochter dy't it spultsje aardich meispilet. Fan 1952 of hat de minister stadichoan it foech om de offisjele nammen fêst te stellen oerdroegen oan'e gemeenten. Dus as de minister it noch dien hie, hie alles hiel oars run. No't de gemeente it docht hat it ynienen gjin eksterritoriale wurking mear, in frjemde gong fan saken. Ofslutend seit hy dat syn fraksje it ferstannich fynt dat bestjoerlik sjoen it kolleezje dit útstel dien hat. Yn syn hert kin hy lykwols wol gûle dat dit op dizze wize ta stén komme moat, omt hjir gjin rjocht dien wurdt. Hy hopet en ferwachtet dat de striid tsjin'e P.T.T. op oare fronten fuortset wurdt. De voorzitter zegt dat de conclusie van de raad is dat het voorstel van het college goed is. Dat is op zichzelf een plezierige constatering. Toen deze zaak in 1987 in de raad aan de orde kwam was er een meerderheids- en een minderheidsvoorstel. De meerderheid liet zich toen leiden door de financiële gevolgen en de uitwerking daarvan. De raad heeft na uitvoerig beraad gezegd daar niet aan te hechten. Vanaf dat moment zijn een aantal waarneembare maatregelen zoals aanpassing van de bewegwijzering en autokaarten enz. doorgevoerd. Nu moet dan ook geconstateerd worden dat we niet meer terug kunnen. 0093V 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 10