- 9 - De V.V.D. heeft er destijds voor gepleit die procedures niet aan te gaan en later om ze te stoppen. Het is dus geheel overeen komstig het standpunt van de V.V.D. dat er niet verder geprocedeerd wordt. De hear Renia is bliid dat it kolleezje fan doel is en kom yn oktober mei in útstel. Hy soe graach it oerlis noch breder hawwe wolle. Dat wol sizze mei alle gemeenten dy't soksoarte problemen hawwe as wy. In soarte fan platfoarm foar it Frysk soe it eins wurde moatte. De hear Breeuwsma seit dat it somtiden goed is in beslút te weroerwagen. Hy tinkt dat de ûndúdlikens noch nea sa grut west hat as op dit stuit. Hy is fan betinken dat dêrom oerwoegen wurde moat oft twataligens net better is. De hear Van der Baan fynt dat Fryslân yn'e hoeke skopt wurdt mar is, sa freget hy him ôf, Fryslân net dwaande him yn'e hoeke skoppe te litten troch mar krekt te dwaan of is de slach net ferlern. De hear Van der Baan fynt dat it alle jild en muoite wurdich is om ta in risseltaat te kommen. As we nammentlik gjin muoite en jild oerhawwe foar it Frysk komme we gjin stap fierder. Hy soe der op wize wolle dat de taal in monumint is. Der wurde alle jierren miljoenen bestege oan'e soarch foar de monuminten. Soe it net logysk wêze dat dan ek miljoenen frijmakke wurde foar it monumint fan'e Fryske taal. Miskien soe it goed wêze de Fryske taal "Monument van de Maand" te meitsjen. De hear Bethlehem fynt dat bedriuwen en as dat no de P.T.T. is as in oar harren seis ferplichtsje moatte de Fryske plaknammen te brûken. De voorzitter zegt dat de heer Renia eigenlijk zou willen bevorderen dat er een breed platform komt vanuit de bestuurlijke hoek. Hij zegt dat hij deze gedachte mee zal nemen in het overleg met de provincie. Op zichzelf is het Fries best geld en moeite waard, maar hij vindt wel dat kosten en baten tegenelkaar afgezet moeten worden. Het resultaat beziende kun je je afvragen of we dat geld niet beter op een andere wijze hadden kunnen besteden waardoor meer voor het Fries gedaan zou zijn dan nu op tafel ligt. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat der dan ek wol in protte tsjerken êfbrutsen wurde kinne dy't net mear brûkt wurde. De voorzitter vindt dat dat niet opgaat omdat juist in zo'n geval van te voren de afweging of het die moeite en dat geld wel waard is gemaakt kan worden. Er kan niet aan voorbij worden gegaan dat als er geen maatschap pelijk draagvlak is voor bepaalde wensen dat de overheid best iets kan willen maar dat het dan niet zal lukken. 0093V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 12