- 10 - Er zal dus aan het maatschappelijk draagvlak gewerkt moeten worden meer dan dat er iets afgedwongen kan worden. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De voorzitter schorst om 20.55 uur de vergadering voor een korte pauze. De voorzitter heropent de vergadering om 21.10 uur en stelt aan de orde agendapunt 5Voorstel inzake straatnaamaevina in Warten "Oer de Barten" Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 7Voorstel tot verkoop van grond en water in het bestemmingsplan Biensma te Grou. De hear Renia seit dat syn fraksje dit plan wol goedkard. It is net sa slim dat prizen troch ûnderhannelingen feroarje. It is wichtich dat it plan gau f oir int. Dat is goed foar de wurk- gelegenheid en foar de beurs fan'e gemeente. Hy hat in fraach oer de brêgehichte. Hy hat heard dat der ûnder- socht wurde sil oft der dochs net in autobrêge yn'e J.W. de Visserwei komme kin. As dat nedich blykt te wezen is de hichte fan dizze brêge dan technysk en finansjeel wol út te fieren. Hy freget ek hoe't it eins sit mei de tagonklikheid fan in bult fan 3,30 m foar minsken yn bygelyks in rolstoel. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net sa gelokkich is mei dizze ferkeap. It is gjin beste hannel en hy freget him of oft de grûn wier oan de earste de beste ferkocht wurde moat. Der wurdt op dizze grûn 122.000,ferlern. Hy hat der problemen mei dat in brêge samar fan 2.50 m op 3.30 m brocht wurdt. Hoefolle kostet soks? Boppedat hat de rie koartlyn bepaald dat de brêge op 2.50 m soe. It is wol opfallend dat 4 nije brêgen yn'e Rjochte Grou binnen 2 jier op 3 ferskillende hichten oanlein wurde. Wat dat oanbelanget tinkt hy dat de rie wol wat better de poat stiif hélde mei en fier in konsekwint belied. It is ek tige frjemd dat de heechste brêge fan 3.30 m beweech- ber wêze moat wylst de leechste ûnbeweechlik is. Hy is fan betinken dat der yn'e J.W. de Visserwei in gewoane brêge komme moat foar it ferkear nei ûnder oare it gemeentekantoar, Yn'e Lijte, de Burdbewenners ensafuorthinne. Mei de P.v.d.A. wol hy stelle dat in brêge fan 3.30 m heech en gefaarlik is benammen yn'e winter. Foar de êlderein en beheinden is de brêge hast net oer te kommen. Is dizze oerienkomst dat allegear wurdich sa freget hy him 5f. 0093V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 13