- 13 - De kommisje Wolwêzen wie it der ek net mei iens dat de Houtwurk- pleats dy subsydzje krige omt der mear in sosjaal as kultureel karakter oan sit. De kommisje hat dit stênpunt taljochte yn'e gearkomste fan'e tredde ôfdieling fan 23 april. It is tige spitich dat it sa run is foar dizze groep entûsjaste jongelju dy't beskiket jongerein te aktivearjen foar kulturele eveneminten. It is tige wichtich dat der sokke eveneminten yn ús gemeente binne en dat de jongerein dêr net foar nei de stêd hoecht. Yn it kolleezjewurkplan 1990-1994 is steld dat it budzjet foar de kommisje Wolwêzen te beheind is en dat it needsaaklik is dit te ferheegjen temear omt in tal groepen no gjin gebrûk meitsje kinne fan'e regelingen. Har fraksje is fan betinken dat dit advys fan'e kommisje stipe wurde moat. De dekking kin fûn wurde yn'e post ûnfoarsjoen. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje it advys fan'e kommisje Wolwêzen wûgen hat. Ien aspekt wie oft it sjoen de sitewaasje fan dit momint ferantwurde wie de post ûnfoarsjoen te brûken. It kolleez je fûn fan net. Hy konstatearret dat it in beslút fan'e rie west hat om de Houtwurkpleats in subsydzje te jaan út'e wolwêzenspot. Dat beslút kin net weromdraait wurde. Der wurdt terjochte in link lein nei it kolleezjewurkprogramma. It kolleezje sjocht hiel goed de noeden op it kulturele mêd, mar dat hat gjin ynfloed op it útstel om net de post ûnfoarsjoen te brûken. De hear Van der Baan seit dat doe't it beslút oer de Houtwurk pleats fallen is, tsjin'e kommisje Wolwêzen sein is dat der wer jild weromkomme soe yn'e wolwêzenspot. Wethâlder Nieuwdam seit dat subsydzje-oanfragen stik foar stik besjoen wurde. Oer de tasizzing dêr't de hear Van der Baan oer praat, kin hy sa ien, twa, trije neat sizze. De voorzitter vraagt of er voldoende steun is voor het voorstel van mevrouw Veldstra. Dat blijkt niet het geval. De hear Van der Baan fynt it tige spitich dat de oanfraach wegere wurdt. Hy seit dat hy mûnling trochkrigen hat dat de kommisje Wolwêzen wer jild werom krije soe neidat der in subsydzje oan'e Houtwurkpleats jûn wie. Het lijkt de voorzitter verstandig dit nog eens te bespreken in de afdeling. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een aanvullend krediet in het kader van het reorganisatie-onderzoek. De hear Breeuwsma fynt it ferûntrêstend dat der no 70.000, ekstra útjûn wurde moat, wylst der noch in ekstra kredyt frege wurde sil. It ûndersyk soe ek al yn juny, july ofrun wêze. 0093V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 16