- 17 - Mei de dekking is hy it lykwols net iens. Hy fynt it net goed dat it helle wurdt út'e reserves kwartêre wegen, omt dy reserves brûkt wurde soene foar it ûnderhâld fan dy wegen. De voorzitter merkt op dat één en ander past binnen de voorjaarsnota. De hear Breeuwsma seit dat hy doe ek reservearre west hat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de aanleg van sanerinashavens te Aldeboarn en Weraea. De hear GBouma seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel in kredyt beskikber te stellen foar de sanearringshavens yn Aldeboarn en Wergea. Dy havens binne needsaaklik yn dizze saneamde "loop-kijk-koop" doarpen. De útfiering fan dizze havens bart yn it ramt fan'e lisplakken- oardering fan'e provinsje Fryslân. De gemeente hat der yndertiid foar keazen de útfiering fan de oardering seis yn hannen te nimmen om de belangen fan'e ynwenners better tsjinje te kinnen. As der de argewaasje fan no tsjin oer setten wurdt dan flokt dat mei-elkoar. De krityk is bekind. Der is ek foar keazen om de útfiering fasegewiis oan te pakken. Lykwols docht bliken dat dy oanpak hiel ûnridlik útpakt. Net allinne troch it fasegewize, want dat is best te rjochtfear- digjen, mar as der in proseduere ynsteld wurdt moat de oerheid ek by steat wêze om dat ek út te fieren. No docht bliken dat dat net it gefal is. It gefolch is dat ynwenners dy't harren oan'e regels halde hûnderten gûnen kwyt binne wylst dyjingen dy't harren foar de regels weiwine mei rêst litten wurde. Dat is ünrjochtfeardich en syn fraksje kin hiel goed de gefoelens dy't dêroer benammen út Wergea nei foaren komme begripe. Syn fraksje freget it kolleezje om it ynisjatyf yn hannen te nimmen oangeande de útfiering fan'e regels dit jier. Ut'e beslutenlist fan it kolleezje docht bliken dat der nei de simmerfakânsje ta útfiering oergien wurde sil mar dat docht gjin rjocht oan datjinge dat al skeef gien is. Syn fraksje noeget it kolleezje út yn'e earstfolgjende gearkomste te kommen mei in útstel om deryn it belied foar dit jier oan te jaan. Hy docht de suggestje om alle leges dy't oant no ta stoarten binne werom te beteljen en net earder mei de útfiering fan de oardering te begjinnen as wannear't it amtlik apparaat dêrop tasnien is. De hear Breeuwsma seit dat it bekind is dat der mei de útfiering fan'e lisplakkenoardening wat problemen yn Wergea ûntstien binne. Hy wol graach ris yn'e ôfdieling hearre hoe't ien en oar rint. 0093V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 20