- 20 - 24. Offloeiïnasreaelinq ûnderwizend en ûnderwiisstypiend personiel. De hear Veldstra seit dat it mei ditsoarte krekt giet as mei it Frysk. Twa stapkes foarút, ien achterút. Dit útstel is in foarbyld fan in stap foarút. Syn fraksje hat dan ek alle wurdearring foar dit útstel. Hjirnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 25. ütstel om in meariierrenplanninct ûnderwiisaktiviteiten fêst te stellen foar de perioade 1991 - 1993. Mevrouw Van der Berg zegt dat dit onderwijsbeleidsplan uit gebreid aan de orde is geweest in de 2e afdeling. Zij complimenteert de werkgroep met dit beleidsplan. Het plan ziet er zeer werkbaar uit en haar fractie wenst iedereen die er in de komende jaren mee gaat werken alle succes. De hear Veldstra seit dat de mearjierrenplanning ûnderwiis- planning it stjoer is fan it underwiisbeliedsplan. In dreech mar goed stik wurk en net te wiidweidich. It wurdt dreech om in kar te meitsjen út'e ûnderwerpen dy't oandrûgen wurde. Der is terjochte omtinken jûn oan eltse skoalle. Underwerpen dy't yn jierren útset binne mar ek yn jierren trochelkoar hinne rinne. It feiligheidsplan kin bygelyks wol nei foaren helle wurde as dat winske wurdt. Soarchferbreding en differinsjaasje yn it ûnderwiissysteem binne hiel wichtige, mar ek drege underwerpen. Hy hopet dat it únderwiisfjild net oerladen wurdt en dat de romte fûn wurde kin om ferskate aktiviteiten yn te plannen. Planning en útfiering fan'e aktiviteiten kostet jild en hy hopet dan ek dat it kolleezje hjir jild foar frijmeitsje kin. Wethâlder Bloem is tige bliid mei de réaksjes. It is hiel goed om doelstellings op papier te setten, noch wichtiger is se yn de praktyk út te fieren. Se sil it plomke hiel graach oerbringe nei de wurkgroep. Der is romte foar eltse skoalle om ynfolling te jaan oan'e diverse ûnderwerpen. Dizze mearjierrenplanning is it stjoer foar de skoallen. It kolleezje en de rie sille ek harren best dwaan om dizze planning safolle mooglik te stypjen. Dizze planning kin eins sjoen wurde as in kontrakt dêr't beide partners rjochten en plichten hawwe. Hjirnei wurdt sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 26ütstel om it fêststellen fan in plan fan niie iepenbiere en bysûndere basisskoallen benefter te litten. Sünder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 0093V 20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 23