- 23 - Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor het maken van een ontwikkelinasvisie voor De Burd. De voorzitter merkt op dat het de bedoeling is dat de akte betreffende de verkoop van Yn'e Lijte in juli gepasseerd zal worden. Het college stelt voor de dekking vooreerst uit de algemene reserve te halen. Als de verkoop van Yn'e Lij te een feit is geworden kan het geld teruggestort worden. De hear Renia is bliid dat der prikken yn it wurk setten wurde om no einlings in plan foar De Burd te meitsjen. De bewenners fan De Burd libje yn ûnwissens en benammen foar harren is it goed dat dizze saak oanpakt wurdt. Syn fraksje giet folslein akkoart mei it útstel. Syn fraksje hat foarkar foar plan C mar it is goed dat ek A en B trochrekkene wurde. It is goed dat dizze plannenmakkerij loskeppele wurdt fan'e san- winning. Hy is tige te sprekken oer de proseduere dy't folge wurde sil. Dizze proseduere jout nammentlik alle minsken en alle ynstansjes de grutst mooglike gelegenheid om yn te sprekken. Persoanlik heakket hy der oan ta dat hy it prachtich fine soe dat it in sadanich plan wêze sil dat it ûnsillige plan fan Tytsjerksteradiel om 300 simmerwenten achter de Alde Feanen te bouwen fan'e baan rekket. De hear Poster hof it it hielendal mei de hear Renia iens. Hy freget oft it ryk en de provinsje akkoart binne mei de ûntwikkeling fan dizze plannen. Is der ek oerlis mei dizze ynstansjes of dogge we alles op eigen manneboet. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei de wurkwize fan it kolleezje. Benammen omt der dan goed troch- tochte plannen komme. Syn fraksje sil mei spanning ôfwachtsje, lykas de bewenners fan De Burd no al dogge, hokfoar plan aanst útfierd wurde sil. Fan'e bewenners hat hy heard dat der net folie beswieren besteane tsjin plan C. It is yndied ferstannich om earst in oare dekking te finen sa't it kolleezje dat no útstelt. De hear Breeuwsma seit dat it hiel goed is dat der earst oerlis is mei de ynstansjes dy't der by belutsen binne. As der plannen ûntwikkele wurde foar de rekréaasje is dat oars net te realisearjen as mei in protte jild. De sânwinning sil der noch wol yn behelle wurde moatte. Wethouder Aukes zegt dat het college inderdaad gemeend heeft na jaren praten wat concreets op tafel te leggen zodat er met allerlei partners gesproken kan worden. Daartoe zullen 3 modellen besproken worden. In de uitgangspunten a tot en met e is geformuleerd in welke richting het college denkt. Er moet een globaal plan komen waarin straks nog alle mogelijkheid moet zijn tot inspraak. 0093V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 26