GEMEENTE BOARNSTERHIM 3.6 Meidieling foar de gearkomste fan 4 septimber 1990. Oan de gemeenteried. Grou, 24 augustus 1990. Weaerina aoedkarrina húsfestinasfoars-ienninas basisskoallen OVH 91-93). Yn de gearkomste fan 12 septimber 1989 (wurklistnûmer 35) hat jimme ried it "Overzicht Vermeerdering Huisvesting" (O.V.H.) foar de iepenbiere en bysûndere basisskoallen yn ds gemeente foar de jierren 1991 oant'e mei 1993 fêststeld. Dat oersjocht jout hdsfestingsfoarsjennings oan foar de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle te Grou, de Boargemaster Thalenskoalle yn Akkrum en "De Finne" yn Warten. Om foar ryksfergoeding foar it dtfieren fan de foarsjennngs, dy't beeage wurde, yn'e beneaming te kommen, is goedkarring fan it O.V.H. troch it ministearje fan underwiis en wittenskippen nedich. Op 16 july 1990 hat de steatssiktaris fan underwiis en wittenskippen datoangeande in besldt nommen. Dat besldt, mei it skaaimerk BO/BO/H-89027 293, leit foar jimme by de riedsstukken op besjen. Ut it besldt docht bliken, dat de steatssiktaris wegere hat jimme besldt fan 12 septimber 1989, nu. 35 goed te karren. Yn it besldt fan it ministearje is foar elts fan de trije skoallen oanjdn werom. Wat de Dokter Eeltsje Halbertsmaskoalle datoangeande oanbelanget, ferwize wy jimme nei ds utstel fan 24 augustus 1990, nûmer 23, dat diel utmakket fan de wurklist foar jimme gearkomste op 4 septimber oansteande. Utwreiding fan it haadgebou fan de Boargemaster Thalenskoalle te Akkrum foar 1 groep is troch de steatssiktaris wegere, omdat de prognoase foar dy skoalle, dy't by de riedsstikken op bes jen leit, op langere termyn in weromrinnen fan it learlinge-oantal oanjout. It yntegraasje husfestingsbelied fan it ryk - der op rjochte om de basisskoallen yn ien gebou ûnder te bringen - jout oan (husfestings- brosjuere 1988, side 17) dat dy yntegraasje allinne mooglik is, wannear't in basisskoalle - ûnderbrocht yn twa of mear gebouwen - in omfang hat, dy't nei alle gedachten op langere termyn likernôch gelyk bliuwe sil. Lykwols: yn it ramt fan it husfestingsbelied foar de basisskoallen hat it ministearje fan underwiis en wittenskippen ferline jier de regeling "Dislokatie- en leegstandbeleid" (27 oktober 1989, nummer BO/BO/H-89046274) buorkundig makke. It doel fan dy regeling is om de dislokaasjes by de basisskoallen sa gau mooglik op te doeken. 0094V

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 37