-2- Op grûn fan dy regeling hat jimme ried yn syn gearkomste fan 26 juny 1990 (nûmer 28) besluten, mei achtslaan fan kêst 70 fan de Wet op it Basisûnderwiis, in oanfraach by it ministearje fan ûnderwiis en wittenskippen yntsjinne, om it haadgebou fan de Boargemaster Thalenskoalle út te wreidzjen mei 1 lokaal/groep. Under ferwizing nei it oanbelangjende riedsútstel fan 15 juny 1990, nûmer 28, merke wy op, dat it saneamde "Planning Verband Groningen" (P.V.G.) datoangeande in posityf advys (sertifikaat) oan it ministearje útbrocht hat. Ut in mûnlinge reaksje fan de kant fan it ministearje hat ús bliken dien, dat tawizing fan dy oanfraach mei yn achtnimming fan it "bekostigingsstelsel basisonderwijs" (program fan easken 1990) der yn sit. De steatssiktaris hat de behannelingstermyn fan de oanfraach wilens lykwols ferlingd oant 28 oktober 1990 ta, sa't út syn brief fan 17 juli 1990 (skaaimerk BO/BO/H-88020284bliken docht. Wat "De Finne" yn Warten oangiet, motivearret de steatssiktaris syn ôfwizing troch der op te wizen, dat in útwreiding foar minsten 15 jier needsaaklik wêze moat (kêst 9, lid c Húsfestingsbeslút W.B.U.). Neffens de prognoase is foar dizze skoalle op termyn mar húsfestingsromte nedich foar 3 yn stee fan foar 4 groepen. It gebou foldocht mei 415 m2 oan de noarmen om 3 groepen under te bringen. Utwreiding mei in permaninte romte foar 4 groepen kin de steats siktaris dan ek net tastean, sa't út syn beslút fan 16 july 1990 bliken docht. De iennichste mooglikheid yn dit gefal is om op grûn fan kêst 73 fan de Wet op it Basisûnderwiis in oanfraach foar in tydlike foarsjenning by it ministearje yn te tsjinjen. Der mei dan rekkene wurde op in hierfergoeding fan it ryk foar in tydlike oan/bybou. Mei it each op it boppesteande hie it nei ús betinken gjin doel om berop oan te tekenjen tsjin it beslút fan de steatssiktaris fan ûnderwiis en wittenskippen fan 16 july 1990, nûmer BO/BO/H-89027293 oangeande it O.V.H. foar de jierren 1991 - 1993. Wy hawwe fan dy beropsmooglikheid dan ek gjin gebrûk makke. Oangeande "De Finne" sille wy ynkoarten stappen ûndernimme om in tydlike foarsjenning ta stén te bringen foar de fjirde groep oan dy skoalle.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 38