- 2 - De voorzitter zegt dat het college hiervan kennis neemt en dat zal meenemen bij de overwegingen. Punt 6. Frou Veldstra seit dat de F.N.P.-fraksje tige nijsgjirrich is oft it kolleezje ek wat dwaan sil yn dit gefal. Se stelt út dit earst ris yn'e ôfdieling te bepraten. It docht bliken dat praktiken fan húsartsen, toskedokters, apothekers en ek de Griene Krúsgebouwen net goed tagonklik binne. In gemeentlike kommisje foar dizze groep beheinden soe hiel goed wurk dwaan kinne De voorzitter zegt toe dat voordat het college definitief zal beslissen dit in de eerste afdeling behandeld zal worden. Tevens zal bekeken worden of er aanleiding is een aparte commissie in te stellen. Punt 12 Frou Ziilstra seit dat bliken docht dat der grutte problemen binne by it maatskiplik wurk Noard-west- en Midden-Fryslan. Der binne finansjele problemen, problemen yn'e organisaasje en problemen yn'e struktuer tusken de gemeenten ûnderling en yn'e betellingen oan'e stichting. Maatskiplik wurk is in basis- foarsjenning en sa't bliken docht is dy foarsjenning minimaal. As der foar boppeneamde problemen net gau oplossings koirane is der op 1 jannewaris 1991 gjin maatskiplik wurk yn ús gemeente mear. Har fraksje is der tige fan skrokken. Sy fine dat der foar ús boargers dy't om hokfoar reden dan ek maatskiplik wurk r.sdich hawwe dizze basisfoarsjenning bliuwe moat. Se freget it kolleezje dan ek syn uterste best te dwaan om yn koarten mei oplossings te kommen. Wethalder Nieuwdam seit dat de problemen by benammen de MADI yn Frentsjer by it kolleezje bekind binne. Sûnt in tal wiken wurdt der yn gemeentlik ferbân besocht oplossings te finen. De gemeenten binne der fan oertsjûge dat sy in ferantwurdlikheid hawwe op dit mêd. Punt 14. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje him fine kin yn'e ûngerêstheid fan'e boeren. Al is der fierder noch net folie konkreets hy wol dochs it kolleezje freegje hiel kritysk te wezen en kritysk te bliuwen fral wat de ûnsekerheid dy't der no al is oanbelanget. De hear Renia wol graach dat dit yn de Sfdieling behannele wurdt. De hear Breeuwsma fynt it hiel begryplik dat der in protte ferûntrêste minsken binne. Benammen yn ús gemeente sit in gebied dat net direkt ynfold wurde sil. It is hiel ferfelend dat it ek giet om gebieten dêr't krekt in ruilverkaveling west hat. Hy freget de foarsitter oft hy him ynsette wol yn de kommisje P.C.O.B. dat us gemeente net samar oanwezen wurdt as fûgeltsjelân.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 5