- 6 - Hy tinkt dat it Frysk as sadanich net sa bot libbet. Yn it fuortset ûnderwiis wie der net ien dy't eksamen yn it Frysk die. Hy mient dat de Fryske doarpsnammen as oanset foar it better en mear brûken fan it Frysk net de goed wize west hat. It is in djoere wize west en der wurdt no in punt achter setten. Der wurdt net fierder prosedearre en syn fraksje kin it dêr hielendal mei iens wêze. De diskusje oer op hokker wize mear dien wurde kin foar it Fryske wachtet hy of. De hear Renia seit dat it sa ienfâldich like om de plaknammen yn it Frysk fêst te stellen. Mar it hat oars útpakt. De P.T.T. privatisearre ûndertusken en doe wie it op ienen ôfrûn. De rjochter hat fêstlein dat de fêststelde Fryske nammen de offisjele binne. It is frjemd dat in tsjinst ferlienend bedriuw as de P.T.T. him fan sokke offisjele besluten neat oan hoecht te lûken. Mar as jo de P.T.T. neier beskôgje is it miskien net iens mear sa frjemd. De P.T.T. lukt him ommers ek net safolle mear oan fan'e tsjinst- ferliening as sadanich yn elts gefal net op it plattelân dêr't om it hoartsje kantoaren en agintskappen sluten wurde. It gong syn fraksje doedestiids ek om rjocht en plak foar it Frysk, om it fanselssprekkend brûken fan it Frysk. Dat kin no foar in part troch de Fryske doarpsnammen, mar it is blykber noch net sa gewoan om dat ek te dwaan oars wie dy hiele proseduereskiednis der fêst net west. Moatte we no noch fierder gean mei prosedueres? Syn fraksje fynt fan net en giet dan ek, mar net mei nocht, akkoart mei it kompromis. It stekt him wol dat de Fryske doarpsnammen net yn'e databank opnommen wurde, wylst krekt in protte post fia dy data bank rint. Dus it normale gebrûk fan it Frysk sil dêr net te sjen wêze. Syn fraksje jout him dêr by del. Oerein bliuwt it stribjen nei in natuerlike en fanselssprekkend gebrûk fan it Frysk yn it deistich libben. Hy ropt dêrom it kolleezje op om mei gauwens mei plannen te kommen om dit oan te pakken. Troch de strideraasje oer de Fryske plaknammen is der al in protte tiid ferlern gien. Hy freget it kolleezje mei klam yn'e mande mei oaren om romte foar it Frysk te meitsjen. Hy tinkt dêrby oan in soarte platfoarm foar it Frysk op it bestjoerlik mêd. Tytsjerk- steradiel en de provinsje sille grif meidwaan. De hear Breeuwsma jout it kolleezje in kompliment dat der mar ien útstel is hoewol't hy it eins net snapt. Frou Aukes wie altiten poer op't Frysk tsjin en dat se no dochs meigien is, is foar him eins ûnbegryplik. Hy freget him óf hoe't der reagearre wie as de útkomst fan te foaren fêststien hie. Hy tinkt dat der hast net ien is dy't dit wollen hat. Hy konstatearret dat de opset net slagge is, de gemeente is eins ôfgien. Hy is it der wol mei iens dat der net fierder prosedearre wurdt. Dat hat hy wolris earder sein mar doe waard der tsjin him sein dat hy him der net mei dwaande hâlde moast. Hy tinkt dat we ús neat foarstelle moatte fan it mear brûken fan it Frysk. We moatte net de kop yn't san stekke en krekt dwaan of is it wol sa. We hawwe ferlern, lit ús dat no mar tajaan en twatalich wurde. 0093V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 9