-9- Wethâlder Bloem seit dat yn desimber it Sfdekken fan de 117.000,oan'e oarder komme sil. Op dat stuit is der genôch dúdlikheid oer de romte dy't der yn de rinnende begrutting sit. Dy romte is nei har betinken grut genôch om de 117.000,út te beteljen. De voorzitter stelt voor eerst te stemmen over het voorstel van het C.D.A.ondersteund door de F.N.P. om de brug over de Rjochte Grou ten laste te brengen van de reserve van het grond bedrijf. De vrijvallende 127.000,kan dan gebruikt worden voor het afdekken van de 117.000, Frou Faber seit dat it eins skowen mei posten is. Sy fynt it dochs suverder it útstel fan de mearderheid fan it kolleezje te stypjen. As de brêge ûnder Biensma fait hie dat direkt dêryn meinommen wurde moatten. Se hat ek it gefoel dat it grûnbedriuw net sa gekke folie mear ferneare kin. No't wethâlder Bloem sein hat dat der yn desimber in dekking komme sil foar de 117.000,stipet se it utstel fan it kolleezje. Na gehouden stemming over het voorstel van het C.D.A. blijkt dit met 9 stemmen vóór en 7 tegen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Bethlehem, Bloem, G. Bouma, Faber, Nieuwdam, Veldstra en Renia. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform de rest van het voorstel besloten. 7Voorstel tot voorlopige vaststelling van de rekening 1989 van het gemeentelijk grondbedrijf De hear Renia seit dat it grûnbedriuw in jiermannich in grutte bongel oan'e poat west hat. Der is minstens in jier as 4 op j ierbasis sa'n 7 a 8 ton út'e algemiene tsjinst ynstoppe. Twa kear is der yn totaal 13 miljoen ynstoppe (1985 en 1988). It grûnbedriuw kin him dan no seis bedrippe. Mar it is fansels noch net sûn. As der oer ferline jier in tekoart is fan in miljoen binne der noch wol soargen. Hy tinkt dat dit tekoart feroarsake is troch in net slutende eksploitaasje yn it ferline en hy hopet dat we hjir net wer foar komme te stean. Hy nimt ek oan dat de eksploitaasje-opsetten dy't hjoeddedei draaie sa draaie dat ferliezen útsluten binne. Hy hat begrepen út it accountantsrapport dat men him der wat soargen makket oer it net op'e tiid bystellen fan'e berek- keningen fan grûnpriizen en eksploitaas je. Der soe noch wat oan barre moatte en hy hopet dat dat oppakt wurdt. Hy hat ek noch in fraach oer de formule dy't betocht is om de ferliezen net heger oprinne te litten, it saneamde ofboeken. Dêrnei is it wol prachtich om grûn tsjin ôfboekwearde te ferkeapjen mar soe der wêr't it kin net wurke wurde moatte mei de ekonomyske wearde, dan kin der ek wat weromfertsjinne wurde. De hear Breeuwsma is it iens mei de hear Renia. It wurdt der de leste tiid net makliker op om de eksploitaasje slutend te krijen. It kolleezje moat dêrom hiel alert wêze. It is miskien wol better sa gau mooglik grûn te ferkeapjen. In hiel aktyf, miskien wol aggressyf belied is op syn plak. 0101V 9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 11