-10- De hear Van der Baan seit dat fêststeld wurde moat dat it grûn- bedriuw yn in sitewaasje is fan grut alarm. It docht nammentlik bliken dat der 8 ton tefolle ferlies is. Der is in dekking foar takomstige tekoarten mar we kinne mar 2 ton ôfdekke as it út'e rinten weihelle wurdt. Der bliuwt dus fan it miljoen ferlies 8 ton oer. Op dit stuit is it wol sa dat de accountants ús in spegel foarhâlde dêr't yn steld wurdt dat in dúdlike opset fan'e administrative organisaasje noch ûntbrekt. De ynterne ynformaasjefoarsjenning is net foldwaande. It wurdt dan wol yn it organisaasje-ûndersyk meinommen mar der binne noch gjin risseltaten fan bekind. Yn wezen betsjut dit dat de ynformaasje net doocht. It is wol sa dat de hiele gemeente op dit grûnbedriuw driuwt. Hy stelt dat der dus op dit stuit gjin goede beslissing mooglik is. Hy freget it kolleezje op hokfoar termyn wol goede ynformaasje foar hénnen is. Dat wurdt wol heech tiid want al jierren liede we hyltiten ferlies op it grûnbedriuw. Hy makket him soargen oer it feit dat der gjin eksploitaas je-opset fan it bedriuwenterrein Biensma is. Der is wol in heal miljoen reservearre, mar it is de fraach oft dat wol genôch is. By Biensma wurde dus de saken ek wer mei de eagen ticht Sfhannele. As der net neigien wurde kin hokfoar ferlies der te ferwachtsjen is wurdt der in belied fierd mei in blyndoek foar. Hy konstatearret dat dat net ferantwurde is. Foar oare kompleksen jildt dat dy berekkene binne op ferâlderde ramingen. Ek dat sil bysteld wurde moatte. It hinget no fan it kolleezje of hoe't it yn'e takomst komme sil. Sa't it der no foarstiet giet syn fraksje net akkoart mei it útstel, want we rinne sa in djip gat yn. Wethâlder Bloem seit dat it boeiend is om nei it foarige útstel der no oer te praten hoe sûn it grûnbedriuw eins is. Se is it hielendal net iens mei de hear Van der Baan as it giet om de goede ynformaasje. It grûnbedriuw hat yndied in grutte bongel oan'e poat west. Ek dit jier is der in miljoen nedich om de tekoarten te dekken. Hoe't it yn'e takomst rinne sil hat in sood te krijen mei de discipline dy't we opbringe kinne by it fêst- stellen fan eksploitaasje- en bouprizen. As dêr al te krap mei omgien wurdt, binne de risiko's grutter. Yn'e rekken wurdt hiel dúdlik oanjûn hokfoar kompleksen aktualisearre wurde moatte. Se is it mei de hear Renia iens dat by de ferkeap fan ôfboekte grûn de ekonomyske wearde hiel goed yn it each halden wurde moat. In aktyf grûnbelied wurdt, tinkt sy, wol deeglik oppakt. De accountants tsjutte op'e administrative organisaasje en benammen is harren net dúdlik hoe't de linen krekt rinne. Se tinkt dat it goed wêze kin in dúdlik skema te meitsjen oangeande de ferantwurdlikheden dy't der binne, al binne har de linen wol dúdlik. It kolleezje sil ris neigean oft it ek mooglik is kompleksen flugger te aktualisearjen. Se fielt der mear foar dy kompleksen oan te pakken dêr't it mooglik mis rint en it net yntegraal te dwaan. Se hat begrepen dat der foar Biensma in nije berekkening folget. Se wol der noch wol op wize dat der dan wol in beslút oer Biensma yn 1989 nommen is mar dat der pas in 1990 hannelingen plakfûn hawwe. 0101V 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 12