-13- Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve van de voltooiïna van het organisatie- en heroriënterincrsonder- zoek. De hear Renia moat sizze dat der in hiel wiidweidich en ek wol dúdlik útstel makke is. Al lezend tocht hy dat it grutte tal slimme wurden ek wol ynhâlde sil dat it in djoer ûndersyk wêze sil. Dat docht dan ek wol bliken yn'e leste alinea. Der wurdt twa ton frege en der wie alris 3 ton beskikber steld, dat makket in heal miljoen. Dat is dan allinne moai foar Vos en Thijssen, de kosten yn ús eigen amtlike apparaat moatte der noch by. Sa'n ynvestearring moat wol hiel wat risseltaat opsmite en dat liket him foar bestjoer en apparaat in swiere sile om te lûken. Men moat him derfan goed bewust wêze. Moat it dan mar net? Doe't him fan'e maitiid ferteld waard dat der noch in pear ton op't kleed komme moast omt men dan einliks dwaan koe wêr't men foar ynhierd wie, hat hy wol ferheard opsjoen. We hiene ommers it buro Vos en Thijssen, yn'e earmen nommen omt we finansjeel fêstrûnen. It takenpakket soe trochljochte wurde om te sjen oft it wurk ek oars ferinne koe om sa romte te finen. De weroriën- taasje, in wurd dat hast in synonym wurden is foar: it kin noch net, mar aanst miskien wol. En mei dy weroriëntaasje soene we no noch begjinne moatte. Wat, sa freget hy him of, is der dan yn'e tuskentiid bard? Hy moat sizze dat it kolleezje en Vos en Thijssen dat wol dúdlik makke ha. De DIA-fase is, mei op fersyk fan'e amtners, nochal breed wurden. In grut tal ferbetterpunten is oandrûgen en dêrta binne in 100-tal saneamde oanfalsplannen opsteld. Dat hat in betingst west om te kommen ta de weroriën taas je. Mar as der dan sa'n grut oantal ferbetterpunten en oanfalsplannen troch it bestjoer en it apparaat oanpakt binne, binne we dan ek net by steat en meitsje seis it ûndersyk ôf. We wurde ommers krekt troch Vos en Thijssen holpen om ús seis te reden. Ek op dizze fraach hat hy in ridlik antwurd krigen. In grut tal saken kinne we seis oan, foar sa'n 10% in stipe nedich. Benammen wat de foarmaasje-ûndersiken oanbelanget wol him dat wol oan. Fierders sil de eigenlike weroriëntaasje begelaad wurde moatte. Fan'e kant fan kolleezje en apparaat wurdt oanjûn dat men graach it hiele ûndersyk ôfmeitsje wol. It is fansels ek sa dat heal wurk gjin wurk is. Syn fraksje is dêrom ek fan betinken dat it trochgean moat. Mar in oantal kanttekens. Yn it foarste plak moat it sa wêze dat der aanst risseltaten merkber binne, yntern sawol as ekstern. Der moat waar foar it jild komme. Yn it twadde plak moat it net sa wêze dat we noch oant de ein fan 1991 ta te hearen krije dat saken net kinne as net rinne fanwegen de weroriëntaasje. Fansels, soks kin him foardwaan benammen yn it besteegjen fan jild foar nij belied. Mar as it heal kin moat it gewoane wurk hielendal trochgean. De weroriëntaasje moat gjin soarte fan kurare wêze, dy't in algehiele ferlamming opropt. Yn it tredde plak de ideeën oangeande de strategyske fisy. Dêr sil in tinktank fan buten it gemeentehûs foar komme. Hy wiist der op dat de rie der sit op basis fan in fisy dy't fêstlein is yn'e ferskate partijpro gramma's dy't opsteld binne troch de ynwenners fan dizze gemeente en dêr't de ynwenners harren demokratyske stim oanjûn hawwe. 010IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 15