-15- De hear SBouma seit dat der yn earste ynstansje trije ton útlutsen is foar de weroriëntaasje en syn fraksje wie dêr flak foar. Mar der wurde dan ek wol risseltaten fan ferwachte en as dat net sa blykt te wezen is dat wol eat om goed, oer, wat der allegear misgien is, nei te tinken. Ien fan de oarsaken wie dat it M.T. de kar noch net lûke koe en dat der dochs noch eksterne help nedich is. Yn in wurkgearkomste fan'e rie is in protte dúdlik wurden. We sille fierder moatte om it ûndersyk ta in goed ein te bringen. Dat der in protte jild ynstoppe wurdt is wol goed mar der moat ek wol goed sjoen wurde nei it personiel, wat dy wolle en oft dy wol wurkje kinne yn in nije organisaasje. Al mei al is der al, mei dizze twa ton 570.000,yn'e weroriëntaasje stutsen mar as der straks útkomt wat der fan ferwachte wurdt is it dat jild wol wurdich. De oandachtspunten dy't de M.Z.C. nei foaren brocht hat kin syn fraksje ûnderskriuwe Under oaren dat it einpunt goed formulearre wurde moat is tige wichtich. Syn fraksje is dan ek ree om twa ton beskikber te stellen. Der sil nei ferrin fan tiid wol evaluearre wurde moatte net troch Vos en Thijssen mar troch bûtensteanders dy't mei in frisse blik der tsjinoan sjen kinne. As nei de reorganisaasje de organisaasje noch net sa rint as ferwachte wurde moat dan sil der ris praten wurde moatte oer persoanlike konsekwinsjes. De hear Van der Baan seit dat de F.N.P. yndertiid nochal oantrune hat op in ûndersyk. Syn fraksje hat beswier hân tjsin it buro Vos en Thijssen. Hy stelt no dat it buro dochs mei in ferslach komt en op in wize dwaande is dêr't hy respekt foar hat. No't de útslach nochal negatyf útfalt krijt men gau de neiging dejinge dy't it boadskip bringt te beskuldigjen. Hy fynt dat de saak reëel besjoen wurde moat. It wurdt no tiid maatregels te nimmen. It is fan belang dat it buro Vos en Thijssen trochgean kin mei harren wurk. Syn fraksje hat lykwols in pear betingsten. De rapportaazje fan it kolleezje nei de rie ta hat de leste tiid minimaal west. Dêrtroch mist de rie dat ynsjoch dat needsaaklik is om de goede ynskatting te meitsjen. Hy wol fan it kolleezje witte hoe't dêr wat oan dien wurde sil. Hy fynt it spitich dat hy de saneamde guick-scan net sjoen hat. Hy wol dat lykwols net as brekpunt jilde litte. Syn fraksje fynt dat der op dit stuit en dan wol op koarte termyn al ynterne maatregels nommen wurde moatte. Dyjinge dy't dy maatregels nimme moat moat wol alle stipe fan it kolleezje hawwe. Soe dat net slagje dan soe op den doer miskien in interimmanager oansteld wurde moatte. Wethâlder Nieuwdam is bliid mei de wiidwiedige réaksje fan'e rie. Hy konstatearret dat der oangeande de fuortgong fan it ûndersyk net de measte ynformaasje nei de rie tagien is. Hy seit dat it kolleezje dat ûnderkint en der nei tawurkje sil de rie folsleiner yn it ûndersyk te beheljen. Dat sil net allinne ienrjochtingsferkear fanút it kolleezje wêze mar de rie sil diedwurklik meidwaan kinne yn lyts ferbên. 010IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 17