-16- De tiid is foarby dat de rie allinne mar ôfwachtsje hoecht. It stik jout oan: "de pas jent libbet noch". It kolleezje is net blyn foar de earnstige sitewaasje dêr't de organisaasje yn sit. Hy tinkt dat it tige wichtich is no fierder te gean mei de behanneling. Hy kontatearret dat de rie yn grutte linen ree is mei it kolleezje dit fierdere ûndersyk oan te gean. Dat is ek de winsk fan de M.Z.C. We moatte no sa oan it wurk dat de risseltaten yn'e organisaasje sichtber wurde. De hear Renia hat frege om merkbere risseltaten. Der hat hy al it ien en oar oer sein. We moatte ek meielkoar der foar soargje dat der mei faasje oan it wurk gien wurde sil. Dan moat net fergetten wurde dat guon dingen miskien net troch- gean kinne mar oer it generaal moatte we de taak fan de gemeente nettsjinsteande de weroriëntaasje, goed foar eagen hâlde en útfiere. It is fansels sa dat der in kolleez jewurkprogram leit dat oanjout, hoe't der tsjin it funksjonearjen fan'e gemeente oansjoen wurdt. It kolleezjewurkplan hat lykwols syn beheiningen en yn it ramt fan dit ûndersyk en ek om eltsenien sjen te litten wêr't dizze gemeente eins hinne wol sil der in fisy komme moatte dy't oanstjoerd wurdt fanút alle lagen fan'e befolking. Mei oare wurden, minsken fan buten de organisaasje sille meiprate kinne oer hokfoar fisy dizze gemeente hawwe moatte soe. It kolleezje hopet dat der binnen ridlike tiid in ferhaal is dêr't yn stiet wêr't we hinne sille mei Boarnsterhim, en wat de prioriteiten en doelstellingen binne. Dat is fral hiel wichtich foar de fierdere ûntwikkeling fan plannen yn it ramt fan it undersyk. Hy fynt it tige spitich dat de hear Breeuwsma stopje wol mei it undersyk. As der sa dúdlik konstatearre wurde kin dat der noch hiel wat barre moat yn'e organisaasje dan is it spitich dat der steld wurdt mar op te hélden omt it sa'n protte jild kostet. De M.Z.C. is hiel dúdlik yn syn brief fan 5 novimber. Dêryn wurdt oanjûn wêr't de knyppunten lizze. De M.Z.C. jout ek dúdlik oan wat hy yn'e takomst ferwachtet fan it undersyk. De oandachtspunten fan'e M.Z.C. binne hiel wichtich. It jout ek oan dat de M.Z.C. hiel kritysk mar wol konstruktyf meitinke wol yn dit ûndersyk. Hy wol no net ynhêldlik op'e quick-scan yngean. Ynkoarten wurdt der mei de rie in gearkomste Sfsprutsen om dêr oer te praten. De fraach fan frou Van den Berg oft de goeie popkes op'e goeie plakken sitte lit hy foar wat it is. Hy is bliid dat de skepsis fan'e F.N.P. tsjin Vos en Thijssen oer omslein is yn respekt foar it wurk fan it buro en hy sil dat ek trochjaan oan Vos en Thijssen. De hear Breeuwsma fernimt dat de oare riedsleden wol achter it útstel steane. Hy bliuwt lykwols fan miening dat it him swier op'e mage leit dat der wer safolle jild hinne moat. Sa'n 16.000,op jierbasis, jild dêr't skreauwend ferlet fan is om it oars te besteegjen. Hy is fan betinken dat it útstel oanhâlden wurde moatte soe omt de wichtige ynformaasje fan'e quick-scan net by de rie bekind is. It is him net krekt bekind wat der allegear barre moat, wer it hinne sil en wêrfoar safolle jild nedich is en dêrom sil hy tsjin stimme. 010IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 18