-23 Yn dy sin is dit útstel unyk. De kommisje hat mei nocht oan de opdracht arbeide. Hy nimt de wurdearring foar it wurk fan'e kommisje graach yn ûntfangst. Oangeande de soarch nei de omwenjenden ta it folgjende. Yn it rapport is al dúdlik oanjûn dat der omtinken foar wêze moat. Yn'e tredde êfdieling is frege om in tasizzing oer de ynfrastruktuerYn it útstel stiet dat it kolleezje syn best dwaan sil om de mooglike oerlêst te beheinen. Yn de plannen foar de seal wurdt ek de omjouwing belutsen. Hy wit dat men drok dwaande is yn oerlis mei de hear Veil inga te besykjen de oan- en ôffier fia de Burstumerdyk rinne te litten. Hy seit ta dat as de plannen oan'e oarder komme de rie en de bewenners derby belutsen wurde sille. De suggestje fan in carpoolplak nimt hy mei. It plak dêr't Seal 300 no realisearre wurdt is keazen yn oerlis mei de hear Vellinga. It terrein foar Hergarden is net beskikber omt dêr in opsje op leit. De opsje sil ek omsetten wurde yn in oanfraach om de grûn te keapjen. Wat de grûnoankeap oanbelanget liket it him wichtich dat der priistechnysk net tefolle beheiningen foar de ûndernimmer binne. Hoe't dat konkreet ynfold is kin hy gjin ynformaasje oer jaan. Hy seit ta dat der letter noch wol ynformaasje oer jûn wurde sil. De doelreserve is noch oanwêzich en hy kin sa net sizze wat dêr mei barre sil. Yn'e weroriëntaasje sil de doelreserve sichtber makke wurde en sil oanjûn wurde hoe't dat jild bestege wurde sil. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij het zeer op prijs zou stellen dat er toch opgenomen zal worden dat het bestemmingsverkeer via de Burstumerdyk geleid zal worden. De hear Oosterhof freget oft de Bustumerdyk in gemeentlike dyk is. Frou Veldstra freget oft der ek besocht is dat dejinge dy't de opsje hat op it terrein fan Hergarden dy opsje ek falie litte wol. Frou Faber sldt oan by de wurden fan frou Van den Berg. Wethalder Nieuwdam seit dat de Burstumerdyk in gemeentlike dyk wurdt. Hy seit ta dat hy de dúdlike oprop fanút de rie om it bestimmingsferkear fia de Burstumerdyk te lieden meinimme sil yn'e fierdere ôfwikkeling. Hy fynt it nedich dêr noch in apart útstel oer te meitsje. De ûndernimmer hat sein dat hy de opsje op it terrein foar Hergarden hanthavenet. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. Voorstel tot vaststelling van het uitvoerinqsproaramma 1991 inzake het gemeentelijk beleid voor Vrede en Solidariteit. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie geen moeite heeft met het voorstel. Lof voor de wijze waarop deze commissie haar werk doet. Wel heeft zij met betrekking tot de ruime financiële middelen van deze commissie enige vragen, die zij zal stellen bij de begrotingsbehandeling. Er is haar fractie namelijk gebleken dat deze commissie aan fondsvorming kan doen. 010IV

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 25