-5- De voorzitter zegt dat dat dan via een kettingbeding zou moeten waardoor ook de rechtsopvolgers zich aan deze koppeling moeten houden. Vervolgens worden de mededelingen voor kennisgeving aangenomen. 4. Voorstel tot vaststelling van het rekening-courant krediet en het machtigingsbesluit kortlopende financiering voor het iaar 1991, Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 5. Voorstel tot het machtigen van burgemeester en wethouders tot het aangaan van vaste geldleningen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 6Voostel tot voorlopige vaststelling van de qemeenterekenina over 1989. Frou Faber seit dat it in goede saak is dat de rekken fan 1989 seis al foar de begrutting foar 1991 behannele wurde kin. It neidiel is faaks dat alle sifers noch net ferwurke binne, in foardiel dat der al rekken halden wurde kin mei de sifers oer 1989. It is in grut bedrach dat úteinlik posityf is mar ek dêr sitte twa kanten oan'e medalje. It is hiel aardich om in bedrach te te skowen oan'e reserves sadat it doel fan oardel miljoen yn'e algemiene reserve no al realisearre wurde kin. Oan'e oare kant is it pynlik te konstatear jen dat yn'e maitiid hurde maatregels nommen wurde moasten om'e begrutting foar 1989 slutend te krijen. As de posten neirûn wurde is in protte wol te ferklearjen. Har fraksje rint wol tsjin de hege post oangeande personielslêsten oan, dy't 270.000,posityf is. Der moat yn'e takomst wol besocht wurde de sifers sa reëel mooglik te krijen. De rie hat, tinkt se, in protte oan it accountantsrapport. Tal fan ferbetterpunten binne mei dudlike antwurden fan finânsjes al oanjûn. Se fynt it spitich dat yn dit útstel net neamd wurdt dat der 150.000,tafoege is oan ferskate reserves. By de taljochting op it accountantsrapport wurdt dat wol wer dúdlik makke mar se hie leaver sjoen dat it yn it útstel stien hie. Se freget hoelang't der trochgien wurde sil mei it fergrutsjen fan'e pot foar de glêdensbestriding. Der binne no ommers al in pear sachte winters west. Se fynt it ek spitich dat de ekstra ôfskriuwing fan'e kapitaals- ut jef ten net ferwurde wurdt yn it riedsútstel. Tal fan belêstingsopbringsten binne heger útfallen dan de begrutting oanjoech. Se freget yn hoefiere hjir rekken mei hâlden is yn'e begrutting foar 1991. Troch it ôfskriuwen fan'e boekwearde fan de brêge oer de Rjochte Grou ûntstiet der strukturele romte. Op de besteging fan de romte komt it kolleezje yn desimber werom. Se soe graach sjen dat dan ek de gefolgen foar de begrutting 1991 oangeande de belestingen/heffingen bekind binne. Der stiet noch in post fan 117.000,foar de boaiemfer- smoarging iepen dy't net ynfold is omt it kolleezje tinkt dat dy kosten ferhelle wurde kinne en dat wachtet op de útspraak fan'e Lânsadvokaat. It is út'e praktyk wol bekind dat soks dreech sit en dat it wol jierren duorje kin foardat dy útspraak der is. 0101V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 7