-6- Soe it net better wêze dochs yn desimber dêrfoar in dekking oan te jaan. Yn 1991 sil in oanset jûn wurde ta in prestaasjebegrutting. Se tinkt dat dat in hiele goede saak is omt de rie dan in better oersjoch en kontrôle hat op'e doelmjittigens fan'e bedragen dy't útjûn wurde. De jierrekkens krije dêrtroch folie mear betsjutting. Har fraksje kin ynstimme mei it útstel fan it kolleezje en wachtet de útstellen oangeande de besteging fan 100.000, foar útsteld belied mei spanning óf. Se seit dat it kolleezje- wurkprogram derby fansels in goede help wêze kin. De hear Breeuwsma fynt dat de rekken oer 1989 moai op'e tiid klear is. It ferifikaasjeburo hat der hiel wat tiid oan bestege en dat sil miskien no't we wat mear op streek binne yn'e takomst wol wat minder wurde. It risseltaat fan'e rekken is goed al kin dy pear persint dy't no oer binne ek gau omslaan yn in pear persint tekoart. Hy soe it hiel goed fine dat de 105.000, oerbleaun fan ûnder oare de ferkearsproblematyk by it kapitaal dien wiene. Hy fynt it tige posityf dat de oardel miljoen as algemiene reserve no helle is, al is dat eins ek it minimum dêr't in gemeente oer beskikke moat as buffer. Hy soe it net slim fine dat de reserve grutter wie want it kapitaal dat dêrtroch ûntstiet kin de kommende jierren wer brûkt wurde. Wêrom moat der dus direkt al in bestimming jûn wurde oan it mearbedrach fan 327.000,It accountantsrapport jout oan dat der in tekoart fan 117.000,ûntstien is yn de saak fan'e boaiemfersmoarging. Hy fynt dat dy romte direkt ófdekt wurde moat. Ek nei de provinsje ta soe dat tige goed wêze. It ófboeken fan'e brêge oer de Rjochte Grou liket sa wol hiel oantreklik mar hy tinkt dat it taskood wurde moat oan Biensma yn earste ynstansje. Mei it op peil bringen fan'e LONDOnoarmen is hy it folslein iens. Frou Santerna seit dat frou Faber in hiel dúdlike útiensetting jûn hat. De berjochten fan'e accountants wiene ek foar har fraksje hiel dúdlik. Se fynt it hiel posityf dat de jiersifers fan 1989 no al bekind binne Dat de algemiene reserve brocht is op oardel miljoen en dat der ekstra jild nei de LONDOreserve ta gien is is in hiel goede saak. Har fraksje fynt dat de brêge nei Biensma ta ófboekt wurde moat op it grûnbedriuw, sadat de romte dy't dan ûntstiet brûkt wurde kin foar it hegere bedrach dat nedich is foar de boaiem- sanearring. Se freget noch of der op side 5 by de bystênsfer- liening net in ferkeard sifer stiet. De hear Van der Baan seit dat ek de F.N.P. it tige wurdearret dat de rekken oer 1989 moai op'e tiid klear is. Syn fraksje is it iens mei it C.D.A. oer de saken oangeande de boaiemfersmoarging yn Jirnsum en de brêge nei Biensma ta. 0101V 6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1990 | | pagina 8