-12- 9. Voorstel tot wijziging van de gemeentebegroting 1991 ten behoeve van uitbreiding van het aantal formatieplaatsen. De hear Breeuwsma fynt dat de finansiering fan alle kanten rammelt. Hjir is foar in pear jier in oplossing socht wylst foar de jierren dêrnei de begrutting net tarikkend is om dit struk- tureel op te fangen. Der wurdt neffens him fierstente gau mei ditsoarte oplossings begûn. Hy riedt it kolleezje oan om earst om tydlike minsken te sjen. Frou Faber seit dat se it op it earste gesicht hiel spitich fûn dat der noch net in totaaloersjoch fan'e weroriëntaasje is. Se begrypt hiel goed dat der wat barre moat op F.R.O.M. It is ek foar de motivaasje net goed te wachtsjen oant de weroriëntaas je ófrun is. Miskien kin it, wylst it no liket dat it allinne om útwreiding giet, wol budzjetêr neutraal ferrinne. Der binne fansels ek al hiel wat plakken ynlevere. Se soe dêr graach ris in oersjoch fan hawwe wolle. Se wol har soarch útsprekke foar it brûken fan it gasdividend. Der is al 350.000,opnommen yn'e begrutting en no wurdt der nochris 50.000,by dien. Dit is dochs wol it maksimum. De 50,de oansluting is hiel reëel mar der moat no net wer oan it gasdividend kommen wurde. It ferleegjen fan'e kosten sosjale soarch liket har reëel. It is spitich dat der noch gjin strukturele romte foar it aldereinwurk fün wurde kin. De M.Z.C. stipet it útstel fan herten en dat seit dochs ek wol wat. Se is bliid dat we no wer in stapke yn'e goede rjochting setten wurdt en se hopet dat it in positive útstrieling hawwe sil. Frou Veldstra seit dat har fraksje ek fynt dat it needsaaklik is dat apparaat goed draaiende te hâlden en om de formaasjeplakken út te wreidzjen. Hokker foarm krijt de foarljochting en de ferbettering fan'e p.r.? Hat it kolleezje al in taakomskriuwing? Har fraksje fynt it wichtich dat der in dúdlik oansprekpunt is foar bygelyks it útjaan fan parseberjochten. In goede publisiteit is wichtich en moat har útstrieling nei buten hawwe. Se achtet it fan grut belang dat de iepen plakken op'e ôfdielings ynfold wurde, sa wurdt de wurkdruk minder en dat wurket in stik nofliker. Bliid dat ek de M.Z.C. sa posityf is. De hear SBouma seit dat syn fraksje rasjoneel en gefoels- mjittich it útstel stipet. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje prinsipjele beswieren hat tsjin it opnimmen fan mear gaswinst yn'e begrutting. Hy soe wol wolle dat as dy 50.000,nei 2 jier wer frijkomt dy brûkt wurde sil foar belestingferleging. Mevrouw Van den Berg zegt dat de behoefte aan een p.r. man of vrouw niet ter discussie staat, zo lijkt het wel.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 14