-17- Untsluting nei buten ta soe bést wolris plakfine kinne oer de Hôflânswei, Idaerd rjochting Sll. Dit is te ünwis en te fier fuort om der no al in slompe jild yn te stekken. In oar argumint nammentlik dat it omriden fan auto's mear miljeubelesting jout liket wat socht. It kin krekt oarsom ek wol wêze dat fanwegen it omriden in Grouster gauwer it fytske pakt as er nei it gemeentekantoar moat. It kin ek bést wol wêze dat de gasten fan Yn'e Lijte faker it pontsje brûke ynstee fan om te riden. Dat minsken fan de kant fan Idaerd en Warten omride moatte is wis. Mar moat dat no in reden wêze om in heal miljoen yn in autobrêge stekke dêr't earder al fan sein is dat dy net nedich wie en dêr't ek net de needsaak fan oantoand wurde kin. Is de lichte foarkar út it ûndersyksrapport echt in heal miljoen wurdich? De mearderheid fan syn fraksje fynt dúdlik fan net. As der nei it kolleezjewurkprograirana sjoen wurdt binne der noch in protte saken dy't oppakt wurde moatte. Dat it is eins te gek en lit dy autobrêge der tuskentroch fytse. Mei de kapitaals- lésten fan'e brêge soe bygelyks de basisedukaasje ûnderdak holpen wurde kinne en koe Akkrum fêst útein mei it doarpssintrum. Mei it jild foar de boppewykse foarsjenning kin in stik êlder- einsoarch feilich steld wurde. En moat ynkoarten ek net It Grien opknapt wurde? Al mei al kin de mearderheid fan syn fraksje it net goed fine en stek sa'n soad jild yn dizze net beslist nedige brêge. De hear Breeuwsma hat oan wat de hear Renia sein hat net folie ta te dwaan. Doe't Biensma opstarten is is der in dúdlike kar makke foar in nije brêge en in fytsbrêge yn't plak fan'e âlde brêge yn'e J.W. de Visserwei. Troch de fytsbrêge soe de ferkearsdruk op'e Stasjonswei minder wurde. Alle óf spraken binne noch mar sa koartlyn makke en dat it no al wer oars moatte soe dat begrypt hy net. Der is boppedat foar safolle dingen noch jild nedich dat hy is der op tsjin om foar in autobrêge in heal miljoen ekstra út te lûken. Syn fraksje stipet de mearderheid fan it kolleezje. De hear Oosterhof seit dat no't der in knap plan foar in autobrêge is syn fraksje sein hat dat dat mar ris goed besjoen wurde moat. Der binne al wat foardielen opneamd yn it útstel, mar hy neamt noch in pear nammentlik it achterlên, Reduzum dat fia it fytstunneltsje ek better yn Grou komme kin, de nearing- dwaanden dy't seker foardiel hawwe sille fan in autobrêge en ek noch de ûntsluting fan it gemeentekantoar en Halbertsma. Syn fraksje hat de kar falie litten op it realisearjen fan in auto brêge. Hy freget wanne aras dêr ta besluten wurdt, de auto brêge oanlein wurde sil. De hear G. Bouma sprekt út namme fan de minderheid fan syn fraksje. It sil dúdlik wêze dat hy mient dat der wol in auto brêge komme moat. Der is earder op opmurken dat yn'e simmer fan 1989 yn san hasten besluten is ta de ûntwikkeling fan Biensma.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 19