-18- Yn dat plan is impliciet besluten ta de oanlis fan in fytsbrêge. Der hat doe. omt it ek gong oer it oanlizzen fan bedriuwsterrein gjin ôfwaging fyts- autobrêge plakfûn. In healjier letter doet Stelwagen beswier oantekene hie hat it kolleezje antwurde dat in definitive fêststelling fan'e funksje fan'e brêge. Oan'e oarder is by de fêststelling fan it bestimmingsplan Biensma. Dy opstelling is ünderskreaun troch de rie en is dus de iepen sitewaasje dy't no foar ús leit. Hy konkludearret dat yn'e ôfdieling eltsenien him fine koe yn it foardiel dat in autobrêge jout. It wiene allinne de finansjele konsekwintsjes dy't de bottleneck foarmje soene. De eleminten dy't by de ôfwaging in rol spylje steane yn it útstel, no allinne mei it eachmerk hokker funksje de brêge hawwe moat. Mei de ferkearsstruktuer is dúdlik it wurd effisjinsje anneks. It miljeuferhaal hat twa kanten. Oan'e iene kant it omriden dat pleitet foar in autobrêge, oan'e oare kant it lüdshinderferhaal op basis wêrfan wy de subsydzje fan'e provinsje krigen hawwe. Guon bewenners fan'e Stasjonswei sizze dat der gefoelsmjittich mear ferkear is dan foardat de brêge ôfsluten is. Oangeande de service dy't de gemeente ferliene moatte soe en ek de bedriuwichheid dêrefter is in autobrêge fan belang. Dan it plak dat Grou ynnimt as sintrum foar bygelyks ûnderwiis- foarsjenning en it winkelbestân. Giet it net allinne om de koartere wei dan is it wol de psychologyske drompel. Foar him hat it allerswierste gewicht de line nei de takomst ta. Der wurdt sein dat we noch lang net ta binne oan in wyk ten noarden fan Grou. Yn eardere planfoarming is de gemeente Idaarderadiel troch de provinsje frege om oan te jaan wêr't de takomstige wenbebouwing realisearre wurde moast. Doe is oanjûn dat dat ten noarden fan Grou wêze moast. Dy line folgjend en tagelyk troch efkes werom te sjen wat der allegear de léste 25 jier ta stân kommen is sil dúdlik wêze dat we oan'e romte ten noarden fan Grou wol takomme. It takomstbyld dat we yn'e kommende tiid te meitsjen krije mei in totaal isolearre wenwyk fan Grou pleitet derfoar dat der in autobrêge komt. Dat der fansels neidielen binne kin net ûntkind wurde. Dy te neamen lit hy graach oan'e tsjinstanners oer. Hy fynt wol dat der troch de hear Renia demagogyske arguminten neamd wurde yn de trant fan wat kinne we mei al dat jild wol net foar oare dingen dwaan. Hy daget eltsenien út om by de Boarnster toer deselde arguminten oan te dragen. De hear Van der Baan seit dat fan it begjin ôf dúdlik west hat wêr't de F.H.P. stiet. Der moat steld wurde dat hy it altiten spitich fûn hat dat de âlde brêge derút gong is. Dy flater moat hersteld wurde. Hy wol wize op de effekten fan it omriden om it yndus tryte r re i n It docht bliken dat benammen minsken út de Burd, it Lege Midden, Warten en Wergea dit in ferfelende ferbining fine. Slimmer noch, in protte lju wurde de kant fan Burgum as Ljouwert opdreaun. De wei om Biensma hinne wurdt ûnderfûn as in gefaarlike wei. It bedriuw fan Snoek wurdt aanst bygelyks ek oer de wei hinne lein. Guon pleatsen hawwe útritten op dizze wei en de yndustrywegen komme ek op dizze dyk út.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 20