-8- De hear Van der Baan tinkt dat net funks jonarissen útsluten wurde mar bern dy't net yn harren memmetaal opfongen wurde. De voorzitter vindt het nu niet de juiste tijd om commentaar als in de tweede ronde te leveren. De hear Van der Baan sil dêr rekken mei hâlde. Hy fynt lykwols dat de taal faak as status brûkt wurdt ek yn it ûnderwiis. Dat is no just it gefaar dat bern bedriget. Benammen Fryske bern moatte út dy ûnderskode posysje weihelle wurde. Wethâlder Bloem seit dat der al hiel wat sein is oer de kwali- teitseasken. It is hiel wichtich dat dúdlik makke wurdt hokfoar easken as steld wurde. Yn hiel Nederlan sil aanst de kontrole noch wol in punt fan diskusje wurde. Yn de parktyk sil ek bliken dwaan moatte oft der in grut entûsjasme is om ferskate foarmen fan berneopfang op te setten. It kolleezje is fan betinken dat de pjutteboartersplakken wol opnommen wurde moatte yn'e feroardening omt dêrmei de yntinsje útsprutsen wurdt hoe't der oer pjutteboarterssealen tocht wurdt. Binnen it totaal fan'e berneopfang is it pjuttewurk fan grut belang. Alle foarmen fan berneopfang hearre oanfoljend te wurken. As de opset dus yn prinsipe itselde is moatte ek deselde easken steld wurde. Se kin dy minsken dy't ûngerêst binne oer wannear't dat ek foar it pjuttewurk jilde sil gerêststelle. It kolleezje wit dat op dit momint foar lang net alle pjutte boarterssealen alles al goed regele is. Dat leit foar eltse pjutteboarterseal wer oars en dêrom sil der ek foar eltse seal in oare fasearring jilde moatte. It is spitich dat de federaasje noch net sa fier is dat dêr oerlis mei fierd wurde kin. Foar guon minsken is de memmetaal Nederlânsk, foar guon Frysk en foar oaren Turks. It giet no om de kwaliteit fan opfang foar hiele jonge bern. Foar hiel jonge bern is it dochs wichtich dat dy opfongen wurde yn'e memmetaal en dat mei ek as kwaliteitseask steld wurde. Wat dat oanbelanget hat sy yn'e 2e ôfdieling sein dat der yn goed oerlis mei de êlders, bestjoeren kommen wurde kin ta in goede óf spraak om de opfang yn'e memmetaal as eask op te nimmen. Dit útstel liket har better as dat fan'e F.N.P. dêr't keazen wurdt foar twataligens. Se tinkt dat de wiziging ek net oanbrocht wurde moat yn Haadstik 1 dêr't it giet om algemiene bepalingen. As it echt oer de kwaliteit giet liket kêst 17 har gaadliker. As it echt giet oer de kwaliteit fan'e berneopfang moat der net praten wurde oer it feit dat guon sollisitanten útsluten binne mar oer hoefolle bern gebrûk meitsje kinne fan in goede berne opfang. Frou Veldstra seit dat út it antwurd fan'e wethêlder wol dúdlik wurdt dat sy it útstel fan'e F.N.P. net stipet. Stel dat it gewoan oerlitten wurdt oan âlders en bestjoeren dan is it mar hiel tafallich hoe't sa'n pjutteboartersplak der mei omgiet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 32