-9- Se fynt dat it brûken fan'e beide rykstalen in kwaliteitseask wêze moat. Ut it ferslach fan'e federaasje fan 28 novimber docht bliken dat alle pjutteboarterssealen harren soarch útsprekke oer de finansjele gefolgen. Is it noch mooglik mei alle 10 pjutte boarterssealen in petear te hawwen no't de federaasje noch gjin offisjeel orgaan is. Stiet de gemeente garant foar de finansjele gefolgen? Hat in pjutteboartersseal yn'e takomst noch wol besteansrjocht en hoefolle jild krije de pjutteboarterssealen fan de subsydzje fan W.V.C. Mevrouw Van den Berg lijkt het een goede zaak dat de peuterspeel zalen niet eerst in de verordening worden opgenomen. Zij vindt dat nu wel de intentie kan worden uitgesproken dat later met de verordening voor de peuterspeelzalen begonnen zal worden. Zij begrijpt niet waarom de wethouder niet de eis van tweetalig heid wil opnemen. Frou Santema sei dat de F.N.P. wol dat minsken dy't yn'e berne- opfang wurkje sawol passyf as aktyf dat wol sizze dat se dan de Fryske taal prate en skriuwe moatte, de beide talen behearskje. En dan tinkt sy dat in protte kandidaten útsluten wurde dy't wol Frysk prate mar it net skriuwe kinne. Se wol lykas it C.D.A. de yntinsje útsprekke dat letter de pjutteboarterssealen yn'e feroardening opnommen wurde sille. Har fraksje fynt dat de ferantwurdlikheid foar it brûken fan it Frysk leit by de bestjoeren en de alders. Frou Faber fynt it útgongspunt dat oan de pjutteboarterssealen deselde easken steld wurde moatte in prima saak. Allinne it kin noch net konkreet ynfold wurde. It is fansels nedich dat it fasearre ynfierd wurdt. Sy soe it spitich fine as aanst allinne de pjutteboarterssealen buten de feroardening falie. As de mearderheid dat fynt hat sy der gjin muoite mei om de pjutte boarterssealen yn in twadde fase op te nimmen. Se fynt it te fier gean oan elts de twataligheid op te lizzen. Se twifelt deroan oft bygelyks by alle gastâldergesinnen it nedich wêze sil dat der Frysk praten wurde moat. By in Neder- lênsktalich gesin en in Nederlânsktalich bern is dy eask ommers net nedich. Har fraksje wol derom yn kêst 17 opnimme dat bern yn harren memmetaal opfongen wurde kinne. Wethalder Bloem seit dat sy net benaud is foar it oerlis en de easken dy't alders en fersoargers stelle sille oan'e kwaliteit fan'e berneopfang. Se kin lykwols wol oanslute by de wurden fan frou Faber. Twa- talichheid yn'e foarm sa as de F.N.P. dat útsteld giet har te fier. Yn'e feroardening wurde in tal foarmen fan berneopfang neamd en derby sil maatwurk op syn plak wêze. Yn it iene gefal sil it Frysk wêze moatte, yn in oare gefal is de memmetaal Nederlânsk en mooglik kin it om noch mear talen gean. 0105V 33

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 33