-11- Hy hat lykwols út it oerlis begrepen dat eardere ofspraken hjir de basis fan binne. De koade oangeande de direkteuren hoecht om him dan ek net feroare te wurden. Oars leit it mei de proseduere oangeande de learkrêften. Yn it útstel wurdt ferskil makke tusken in lytse en in wat gruttere skoalle. Hjiryn kin hy him net fine. De seleksjekommisje moat gelyk wêze foar sawol in lytse as in grutte skoalle. Benammen it fiifde lid fan de kommisje is wichtich. Dit waacht swierder as in sa lyts mooglike kommisje. Syn fraksje hat in protte muoite mei it beslissingsfoech sa't it kolleezje dat dtstelt. It grutte beswier is dat de beneaming delegearre wurdt oan ien persoan. It ûnderwizend personiel kin net lykskeakele wurde mei sekretary- personiel. Syn fraksje stelt út it delegaasjebeslút sa te feroarjen dat by in ferskil fan miening oer de foardracht it foarlein wurdt oan it kolleezje, dy't dan de beslissing nimt. Hjirby kin tocht wurde oan in ferskil fan miening binnen de kommisje of it feit dat de direkteur fan'e ôfdieling wolwêzen him net fine kin yn de foardracht. Frou Veldstra seit dat har fraksje it in hiele goede saak fynt dat der in sollisitaasjekoade komt. Yn it ferline hat dêr mar al te faak ferlet fan west. By de proseduere foar de beneaming fan in direkteur moat it advys fan'e seleksjekommisje fia it kolleezje nei de rie dy't in beslissing nimme sil. Oangeande de proseduere foar de beneaming fan in learkrêft moat der yn'e gearstalling fan'e seleksjekommisje gjin ferskil makke wurde tusken in gruttere en in lytsere skoalle. De seleksje kommis je advisearret it kolleezje, dy't in beslút nimme moat. Sy hopet dat sa alle tûkelteammen dit oangeande no oplost binne. Frou Santema seit dat har fraksje him wol fine kin yn itjinge de hear Veldstra sein hat. Bedoelt hy dat it hiele kolleezje by in ferskil fan miening belutsen is. Wethêlder Bloem is mei de rie bliid dat no de útfieringskoade fêststeld wurde kin. It is yndied wichtich om ditsoarte saken goed te regeljen. De ynterne en de eksterne proseduere rinne gelyk op. Dêr hat in hiele diskusje oer west. Fanút de rie wurdt útsteld gjin ferskil te meitsjen tusken grutte en lytse skoallen. It kolleezje hat dêr gjin muoite mei. De útfieringsproseduere kin yn dy sin wizige wurde. It beslissingsfoech is kennelik in probleem. It kolleezje hat miend dat wêr ek de direkteuren fan oare ôfdielingen ferant- wurdlik binne foar it beneamen fan personiel dat ek yn it gefal fan learkrêften jilde moat. Se hat der wol begrip foar dat net alle personiel oer ien kaam helle wurde en it kolleezje hat, sjoen de wize wêrop de sollisitaasjekoade opsteld is, wol dúdlik each foar de bysûndere sitewaas je fan it ünderwiis. Se is der dan ek benijd nei wat de rie fynt fan de mandatearring oan it kolleezje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 35