-9- 7Voorstel tot wijziging van het huurtarief vanhg£ gymnastieklokaal te Warten (nabii de openbarebagigschQQlDfi Finne) De hear Renia is it wol iens mei it útstel fan delegaasje oan it kolleezje. Hy mist yn it útstel dat der oerlis mei de Sportrie wêze sil. Wethâlder Kieuwdam seit dat ik kolleezje pas beslute sil as de Sportrie heard is. Eins hie yn dit gefal ek de Sportrie heard vurde moatte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. 8. Voorstel tot verhoging van deterievenyaaljgpl»»tseh permanent bewoonde woonschepen. De hear Bethlehem hat út kontakten fernommen dat der foar guon wenskippen itselde taryf betelle wurdt as foar wentewetwen- ningen. Hy soe graach wolle dat der nei de wearde fan'e wenskippen sjoen wurdt middels in soarte fan taksaasje om sa it taryf te bepalen. Wethêlder Bloem seit dat de relaasje der't oer sprutsen wurdt yn it útstel oan'e oarder wie op it stuit dat de tariven fêststeld binne yn 1986. Dêrnei binne de tariven fêststeld foar de ferskillende kategorieën. Dan is der gjin relaasje mear mei de wearde fan it skip. Se kin dêrom net meigean mei itjinge de hear Bethlehem stelde. De hear Bethlehem kin him net te binnen bringe dat der in beslút nommen is om dy relaasje mei de wentewetwenningen net mear te hantearjen. Hy fynt dat der wol rekken halden wurde moat mei de wearde fan'e wenskippen. Wethêlder Bloem seit dat yn 1986 by it fêststellen fan'e tariven wiidweidich praten is oer de relaasje mei de wentewetwenningen. Doe is sein dat dy relaasje as start brûkt is. Der binne doe 4 soarten fan tariven fêststeld wêrby gjin relaasje mei de wearde fan'e wenskippen wie. Mar mei de kantemeters en de foarsjenningen dy't der al as net binne. Se fynt net dat dat systeem no oer de kop moat. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 47