-11- Dat der swierrichheden mei lânbouferkear wêze sille is sa mar lânbouferkear fan Nes nei Aldeboarn moat no ek al oer de parallelwei, lânbouferkear fan Nes nei Akkrum sil oer de Boarnsterdyk moatte. As yn'e takomst de Birstumerdyk omlein is sil in part fan it lânbouferkear fan Nes op'e oare kant útkomme. Miskien is it dan ris te oerweagjenoft in ôfwikkeling fan dit ferkear fia de T35 net better wêze soe. Mar op dit stuit moat de útspraak dien wurde dat sjoen de takomst dy oansluting net winsklik is. Der binne troch dit bestimmingsplan mear swierrichheden ûntstien. As earste wie dat de ûntsluting fia it spoardok by de Sitadel. Al ridlik gau wie elts it der oer iens dat dat net wêze moast. Der is in nij plak fûn foar dy oantakking by de hear Bakker lâns. Oan'e súdkant fan'e Sitadel komt no in carpoolplak. Hy tinkt dat dat wol in goed plak is. De bewenners fan'e Sitadel binne bang dat der oerlêst komt troch benammen de brommers en se freegje dêrom om in oerstek nei it stasjon ta. Hy tinkt dat it wol wat tafalle sil mei dy brommers ek omt de measten mei de auto nei it carpoolplak tagean sille. Men is ek bang dat as it carpoolplak fol is men de auto's delsette sil op'e Sitadel. Hy tinkt dat dêr wol wat oan te dwaan is troch de Sitadel üntagonklik te meitsjen útsluten it bestimmingsferkearHy soe graach wolle dat dêr ris nei sjoen wurdt. De famylje Bakker krijt no de oerlêst der't de Sitadel mei sukses tsjin protestearre hat, en dêr wurdt if foar harren net better op. De hear Bakker dy't aanst achter in skutting fan 130 meter komt, op himsels al in benaude gedachte, hie foar de krusing foar syn doar in minirotonde tocht. Hy hie tocht oan'e hân fan in briefke yn'e 4e ôfdieling dat wat de hear Bakker wol wol kin. Mar spitigernôch stiet dy minirotonde op it oare ein pland. Wat de hear Bakker wol kin net om it feit dat der in gebrek oan romte is foar in minirotonde. As de minirotonde dêr wol kind hie hie de hear Bakker dêr weikocht wurde moatten. Hy wol yn elts gefal dat der in goede oplossing foar de trochstreaming fan it ferkear komt sadat de hear Bakker ek sa min mooglik lést krijt. Fieders kin syn fraksje akkoart gean mei it bestimmingsplan. As de sportfjilden ferplakt wurde rekkent hy der wol op dat de oare sportfjilden klear binne. De hear Breeuwsma seit dat dit útstel it fêstlizzen oanbelanget fan wat al in 1989 mei Rykswettersteat ôfpraten is. Syn fraksje kin yn grutte linen akkoart gean mei it útstel. Foar de minsken fan'e Sitadel is der in goede oplossing fûn. Mar wat him tige fernuvert is dat der dochs net folie omtinken gien is nei de famylje Bakker, wylst der tiid genôch foar west hat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1991 | | pagina 49